Skûtsjesilen

It skûtsjesilen is it hurdsilen mei skûtsjes, spesjaal de wedstriden dy’t útskreaun wurde troch de SKS en de IFKS.

Al yn de 19e ieu waard der Skûtsjesilen holden, lykas yn 1820 yn Snits. Yn dy tiid waard der foaral syld as de boeren gjin fracht hiene en de skippers op dy wize faaks in jildpriis fertsjinje koene. It wiene faak kastleins dy’t in wedstriid útskreauwen, bygelyks as der merke wie, sadat nei ôfrin de priisútrikking yn it kafee holden wurde koe. Mar yn de twadde helte fan de ieu kamen der klups dy’t it silen organisearren. Doe kaam ek it idee fan amateursport op, dat der waarden hast gjin wedstriden mear om jild útskreaun. Om’t de skippers dan de tiid net misse koene, begûn it tal fan meidoggers werom te rinnen.

Doe’t yn de earste helte fan de 20e ieu de frachtfeart motorisearre rekke, begûn ek it tal skûtsjes werom te rinnen. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie der al wer mear te dwaan foar skûtsjeskippers, om’t der te min brânstof wie. Sa kaam der wer mear silerij en mei dêrtroch waard yn 1945 in Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) oprjochte.

Mar dêr’t it tal fan wedstriidkommisjes woeks nei de oarloch, rûn it tal fan skûtsjes werom. It wie yn de jierren fyftich net mear goed mooglik foar in beropsskipper en hâld in skûtsje yn ‘e feart. Dêrom binne der doe stiftings kommen dy’t foar harren rekken in skûtsje oan it Skûtsjesilen dielnimme lieten. Sa is it hjoeddeiske SKS-kampioenskip ûntstien, mei skûtsjes dy’t útkomme foar in stêd of doarp.

Yn de santiger en tachtiger jierren die bliken dat it foar ien eigner wer mooglik wie en besit in eigen skûtsje. Om’t dy skûtsjes net pasten yn it stramyn fan de SKS, hawwe harren skippers in eigen organisaasje opset, dy’t de Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen (IFKS) útskriuwt. Op dy wize binne der no yn Fryslân twa kampioenskippen Skûtsjesilen.

får jeg forbrukslån | forbrukslån vurdering forbrukslån billigste rente