Ljipaaien sykje

Ljipaaisykjen is in typysk Frysk fenomeen dat plakfynt tusken 1 maart en 1 april. It earst aai wurdt al gau ferwachte, wannear’t it waar yn dy perioade sêft en wiet is mei genôch fretten foar de fûgels. Elk foarjier geane likernôch 6500 Friezen de greiden yn om ljipaaien te sykjen en se mei te nimmen. Eins is ‘sykjen’ net de goede beneaming, want aaisikers yn Fryslân meie op syn meast fyftjin aaien it jier meinimme. Alle jierren wurdt fêststeld hoefolle aaien der op syn meast socht wurde meie op basis fan monitoaringsfeiten oer trije jier fan ‘Sovon Vogelonderzoek Nederland’. It farriearret tusken de 5000-6500. Foar’t men it aai opkriget en meinimme wol moat it fia de mobile telefoan oanmeld wurde by in lânlike databank.

It sykjen op himsels is in wiere prestiizjestriid. De Fries, dy’t nammentlik it earste ljipaai fynt, kriget ivige rom. De gelokkige jout it earste aai âlderwenst oan de Kommissaris fan de Kening Fryslân.

De Kommissaris moat it aai fansels noch wol goedkarre troch it yn in bak mei wetter te lizzen. Driuwt it aai, dan is it bewiis levere dat it in farsk aai is en kriget de finer de ‘sulveren ljip’. In eareteken dat troch it provinsjaal bestjoer skonken wurdt. De Kommissaris yt it aai nammers altiten op. Alle 31 boargemasters ûntfange it earste ljipaai fan harren gemeente. Wol immen yn Fryslân aaisykje, dat moat er perfoarst in aaisikerskaart/neisoarchpas yn syn besit hawwe. Nei it seizoen sette de aaisikers harren yn foar nestbeskerming fan de ljip en oare greidefûgels.

Mear oer wet en regeljouwing oangeande it aaisykjen, sjoch op: http://wetten.overheid.nl/BWBR0013556/geldigheidsdatum_17-09-2014

 

refinansiering | sammenligne forbrukslån forbrukslån enkelt