Keatsen

Keatsen is in spul dêr’t in lytse bal mei de hân of fûst (wol of net beskerme troch bygelyks in want) sa by slein wurde moat dat de tsjinstanner de bal net (jildich) retoernearje kin.

Keatsfjild Frysk spul

It Frysk keatsen wurdt spile op in gersfjild fan 61 meter lang en 32 meter breed. It fjild wurdt markeare troch in wite keunststoffen line fan sa’n 4 sm breedte. Yn it fjild leit parallel oan de efterline (koarte kant fan it fjild dêr’t de wyn wei komt) op 19 meter fan dy efterline oer de hiele breedte fan it fjild in foarline. Tusken de efterline en de foarline lizze op 13,5 meter fan de sydlinen (ek wol kwealinen neamd) de sydperklinen. De romte binnen de sydperklinen en de stikken foar- en efterline dy’t dêr tusken sitte, wurdt it perk neamd (de linen sels meitsje gjin diel út fan it perk). Op 30 en 32 meter fan de foarline lizze 2 opslachfakken, parallel oan de foarline, fan 5 meter breed en 2 meter djip. Dy opslachfakken lizze rjocht foar it perk oer. It it fierst fan it perk lizzende opslachfak hjit de ‘foarbêststuit’ it oare de ‘foarminststuit’. De fjildôfslutende line parallel oan de efterline wurdt de ‘boppe’ of boppeline neamd. De hoeken fan it spylfjild wurde markearre troch metalen of keunststoffen hoekpeallen fan 4 oant 6 meter hichte, ek wol kweapeallen neamd. Boppesteande ôfmjittings jilde foar heare-senioare-keatspartijen. Foar dames- en jeugdpartijen wurdt in lytser fjild brûkt.

It partoer

In keatspartoer bestiet út trije persoanen. Der binne yn in partoer 4 funksjes te ferdielen: 1e opslagger (foar-bêstopslagger), 2e opslagger (foar-minstopslagger) foarynse (foarste perkspiler) en efterynse (efterste perkspiler). Meastentiids binne taken as folget ferdield: De foar-bêst opslagger slacht allinne op. De foar-minstopslach wurdt dan fersoarge troch ien fan de perkspilers. It is lykwols mooglik dat de perkspilers sawol de foar-bêst as de foar-minst opslach foar har rekken nimme. De tredde spiler is dan net ‘yn funksje’ en wurdt dan balkearder neamd.

Partoeren kinne op ferskate manieren foarme wurde:

  • Frije formaasje: Spilers dy’t yn deselde klasse spylje, jouwe har as partoer op foar in frije formaasje keatspartij.
  • Spilers wurde troch har ôfdieling (feriening) ôffurdige nei in ôfdielingspartij.
  • Spilers jouwe har yndividueel op foar in troch-inoar-lotsjen-partij. In bysûndere foarm fan in trochinoarlotterspartij is in útnoegingspartij, dêr’t spilers in útnoeging foar krije fan de organisaasje om oan in partij diel te nimmen.

De dielnimmerslist, dy’t útmakket hokker partoeren tsjinelkoar spylje moatte, wurdt troch it lot fêststeld. De lotting fan troch de KNKB fêststelde keatspartijen is altyd iepenbier.

By it keatsen hawwe de partoeren ôfwikseljend de opslach en de útslach. Sawol it partoer oan de opslach as it partoer oan de útslach kin punten skoare.

It spul

It partoer mei it leechste nûmer op de dielnimmerslist begjint mei de opslach. De foar-bêstopslagger bringt de bal mei in ûnderhânse slach fan de foar-bêststuit ôf yn it perk dêr’t op dat stuit 2 spilers fan de tsjinstanners opsteld steane. It resultaat fan de opslach kin wêze:

Direkt in punt foar it opslachpartoer as:
  • de bal yn it perk komt en troch de perkspilers net jildich foarby de foarline slein wurdt. (de bal mei troch de perkspilers yn ’e flecht as mei ien stuit slein wurde).
  • in perkspiler de bal sûnder stuit oer in sydkwealine slacht.
  • ien fan de spilers fan it opslachpartoer in jildich troch in perkspiler retoernearre bal wer jildich werom slacht oer de foarline.
Direkt in punt foar it perkpartoer as:
  • de opslach net jildich útfierd wurdt. Dat hâldt meastentiids yn dat de opslagger net goed út it fak wei opslacht. As er te fier trochrint wurdt dat oerrinnen neamd. As er net fier genôch trochrint (hy moat op syn minst mei ien foet yn it fak stean), wurdt dat in ferkearde opslach neamd.
  • de opsleine bal net yn it perk telâne komt. In bal dy’t foar of op de foarline de grûn rekket, is ‘foar’. In bal dy’t bûten of op in perk-sydline telâne komt, is ‘bûten’. In bal dy’t sûnder earst yn it perk te stuitsjen oer of op de efterline telâne komt, is ‘kwea’.
  • de bal troch in perkspiler mei of sûnder stuit oer de boppeline slein wurdt.
In net-beslist punt of keats is it as de bal earne tusken de foarline en de boppeline yn it spylfjild lizzen bliuwt. As dat bart nei in opslach fan de foarbêst, wurdt dat plak oanmerke mei in wyt keatsblokje (1e keats).

As der in (1e) keats komt te lizzen, giet de opslachbeurt oer nei de foar-minstopslagger, behalven as ien of beide partoeren yn it rinnende earst (game) 6 punten hawwe. Yn dat lêste gefal wikselje de partoeren fan opslach- nei perkpartoer en oarsom.

Yn it gefal dat noch net ien fan de beide partoeren op 6 punten stiet, duorret de opslachbeurt fan de foar-minstopslagger oant der in twadde keats ûntstiet. Dy wurdt oanmerke mei in read blokje. Oars duorret de opslachbeurt oant ien fan de partoeren op 6 punten yn it rinnende earst komt. Dêrnei wurdt der wiksele.

Nei it wikseljen wurdt earst de 1e keats (it earste ûnbesliste punt) spile. As der mar ien keats is, slacht dêr de foar-bêstopslagger by op. As der twa keatsen binne, slacht de foar-minst op by it ferdigenjen fan de 1e keats en de foar-bêstopslagger by it ferdigenjen fan de twadde keats.

De regels fan it feroverjen fan in keats binne simpel: de perkspilers moatte besykje om fierder te slaan as de keats, en it opslachpartoer (dat as perkpartoer de keats makke hat) besiket om dat foar te kommen troch in lestige opslachbal, troch de bal foar de keats te kearen of him oant foar de keats werom te slaan.

As om de keatsen spile is, is de sirkel rûn en giet de foar-bêstopslagger fierder mei syn opslachbeurt oant der wer in nije 1e keats komt en sa fierder.

In pear oanfoljende regels: By it weromslaan fan in opslach mei in perkspiler mar mei ien hân in slaande beweging meitsje. As er mei twa hannen yn de rjochting fan de bal komt, ek al rekket er de bal mar mei ien hân, dan is dat in net-jildige slach en geane de punten nei de opslach. Yn it tuskenspul, dat wol sizze alle slaggen nei it jildich weromslaan troch in perkspiler fan in opsleine bal, is it wol tastien mei twa hannen te kearen, of te slaan.

As in perkspiler in slaande beweging nei in opslachbal docht, dy net rekket, en de bal komt foar, neist of efter it perk telâne (foar, bûten of kwea) dan binne de punten foar de opslach. Yn it keatsjargon wurdt dan faak (troch de tsjinstander) sein: “Hy/sy slacht derop.”

De telling

It partoer dat yn in keatspartij as earste 6 earsten (fergelykber mei ‘games’ by it tennisjen) hellet, hat de partij wûn. It partoer dat yn in earst as earste 4 slaggen wint, kriget it earst. De telling yn it earst giet as folget: 2, 4, 6,  earst. Twa earsten wurde in spul neamd. Yn tsjinstelling ta tennis kin by it keatsen in earst (en dus in partij) mei 1 slach ferskil wûn of ferlern wurde.

De stân by in keatspartij wurdt byholden op in telegraaf.

forbrukslån utbetaling på dagen | forbrukslån info forbrukslån med lav rente