Ik bin hikke en tein yn Skingen, mar sûnt in oantal jierren wenje ik yn Hoogkerk by Grins. Yn it deistich libben wurkje ik as sjoernalist foar ferskate lokale en regionale media, yn Fryslân en dêrbûten. Dêrneist skriuw ik as freelancer foar ferskate organisaasjes.
De leafde foar it Frysk sit hielendal yn ús famylje. Sa wie ús beppe ea belutsen by it meitsjen fan de earste skoalboekjes Frysk. By my duorre it dan ek net lang foar’t ik serieus mei de taal en it Frysk-wêzen dwaande wie.
Ik bin ien fan de jongsten yn it bestjoer fan de Ried. Der is lykwols folle mear jongerein mei hert foar de Fryske saak. Myn wichtichste doel yn de Ried is dan ek om de jongerein mear waarm te meitsjen en te belûken by de Fryske beweging.