Siem de Vlas (Achlum, 5 maart 1968)

Sûnt novimber 2011, nei de boppeslach Keppelfeest (feestlike betinking ‘Kneppelfreed 60 jier lyn’) bin ik bestjoerslid wurden fan de Ried fan de Fryske Beweging. My tinkt, om de wurden te brûken fan de Amerikaanske taalkundige Michael E. Krauss (1934): “ dat eltse taal in superieure ferwurvenheid is fan in unyk-minsklik kollektyf sjeny, in allikefolle godlike en einleas mystearje as in libben organisme.” Dêrom besykje ik fia de Ried en doch alle alle war om de wearde fan ‘de offisjele 2e taal fan Nederlân’, sa goed mooglik ûnder omtinken te bringen by de ynwenners fan Fryslân.

Foar de deistige breawinning bin ik túnfoarmjouwer en brûk mei ynbannich ferdrach safolle mooglik de Fryske taal yn wurd en skrift. Sa’n njonkenlytsen bart 80% fan alle korrespondinsje en de teksten op túnûntwerpen yn ‘t Frysk. Nije ynwenners stean der ek iepen foar en brûk it Frysk op tekening. Se wolle  jerne opnommen wurde yn ús eigensinnige mienskip! Mei in posityf lûd en steech ynboarst komt men fierder as men tinkt.

Wie optekene Ljouwert, snein 7 maaie 2017, 19:03 oere.

forbrukslån lett | forbrukslån billig lån uten sikkerhet