Reinder Reitsma

Ik bin berne yn Aldegea (Wymbritseradiel, no SWF). Nei de muloskoalle en kweekskoalle yn Snits haw ik teology studearre oan de ryksuniversiteit te Grins. Ik haw doe earst in pear jier ûnderwiis en tsjerkewurk kombinearre, mar dêrnei haw ik goed tritich jier mei nocht foltiidsk predikant west yn in tal herfoarme gemeenten yn Fryslân, Drinte, Grinslân en opnij Fryslân. Ik bin troud mei Anneke van der Woude en wy ha 3 bern en 9 bernsbern. Yn myn studintetiid yn Grins joech ik in pear winterskoften Fries voor niet-Friezen en wie ik aktyf Frysk beweger: in jier as foarsitter fan studinteferiening Bernlef, mei-oprjochter fan de FOKA (Fryske Organisaasje foar Kulturele Autonomy), redaksjelid fan it blêd Sneed en bestjoerslid fan de FNP. Nei’t ik predikant wurden wie, haw ik my suver inkeld yn ‘e tsjerke ynset foar it rjochtmjittich plak fan it Frysk yn tsjinsten, tsjerkeblêden en gearkomsten. Ik haw (mei Wybren Buma, Liuwe Hornstra en in hânfol oaren) meiwurke oan de ‘De fjouwer evangeeljes’, de oersetting fan de beide tsjinstboeken en it nijste lieteboek yn de protestantske tsjerke en ik haw ek aktyf lid west fan it ûnderwilens opdûkte Ferbân fan Fryske Foargongers.

Sûnt myn emeritaat wenje ik yn Ljouwert en doch ik út en troch hjir en dêr noch tsjinst as gastfoargonger, rinne Anneke en ik graach en bring ik in protte tiid troch yn ús grientetún. Ik sjong yn ‘e kantorij fan ‘e Grutte tsjerke en sûnt koart lês ik foar in lanlike blinebibleteek Frysktalige boeken foar en bin ik frijwilliger/rûnlieder by Gruttoland yn Wommels. No’t de Ried sa krap yn ‘e bestjoersleden sit, haw ik tocht, dat ik my dêr noch mar ris foar oanmelde moast. Want ik wol graach aktyf meitinke oer de takomst fan de Ried mei it each op it belang en it behâld fan de Fryske taal en kultuer.