Pieter de Zwart

Sûnt april 2023 mei ik de Ried fersterkje as bestjoerslid. Ik bin hikke en tein yn Damwâld, dêr’t ik noch altyd wenje. Yn it deistich libben wurkje ik as dosint Smart Industry, Boargerskip en Bedriuwskunde op Firda yn Drachten. Dêrneist bin ik aktyf as oersetter Frysk foar Waze. As hobby mei ik graach reizgje, dat ik bin wol gauris yn it bûtenlân te finen. No is Fryslân fansels it bêste lân fan d’ierde, mar sa út en troch moatte je dy befêstiging wol wer efkes krije.

De Fryske taal giet my tige oan it hert en ik wol my as bestjoerslid ynsette foar de fersterking fan de posysje fan it Frysk yn de maatskippij. Myn ekspertizes lizze benammen op it gebiet fan IT en ûnderwiis.