Pier Bergsma

Pier Bergsma ûnderhâldt de ynternasjonale kontakten fan de Ried en hâldt him dwaande mei de organisaasje fan de jierlikse Fedde Schurerlêzing.  Hy is einredakteur fan tydskrift Swingel. Derneist is hy as adviseur belutsen by it boarger inisjatyf fan Sis Tsiis en de BMD-frysk.  Hy hat in wyklikse kollum op It Nijs en skriuwt út en troch yn deiblêden oer it Frysk.

Bergsma (Amsterdam 1944) studearre nei de Kweekskoalle Nederlandse taal en Letterkunde  (RUG) mei as byfakken Ingelsk en sosjolinguistyk.  Hy wurke û.o. as direkteur fan in basisskoalle yn Hurdegaryp en Noardburgum. Hy wie mear as 14 jier as ûnderwiiskollumnist ferbûn oan it Friesch Dagblad. Yn it winterskoft jout er in kursus Frânske Taal  oan folwoeksenen. Sûnt 1970 is er troud mei Hinke Rozema. Se hawwe twa soannen dy’t yn Delft en Rotterdam wenje.