Ramtferdrach foar de beskerming fan Nasjonale Minderheden

De Nederlânske steat hat twa ferdraggen fan de Ried fan Europa ratifisearre. Dat is it Europeesk Hânfêst foar regionale of minderheidstalen en it Ramtferdrach beskerming nasjonale minderheden.

It Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden hat as doel om regionale talen of talen fan minderheden, lykas de Fryske taal, te beskermjen en te befoarderjen. It Ramtferdrach beskerming nasjonale minderheden giet benammen oer de minskerjochten en anty-diskriminaasje.
Mei erkenning fan it Ramtferdrach beskerming nasjonale minderheden ferplichtsje de partijen har ûnder oaren ta:

· beskerming tsjin diskriminaasje;
· befoardering fan lykweardigens;
· tagong ta en brûken fan media;
· taalkundige frijheden;
· rjocht op ûnderwiis;
· kontakten oer de grins hinne;
· dielname oan it iepenbiere, ekonomyske, kulturele en maatskiplike libben;
· ferbod op ferplichte assimilaasje.

Klik hjir foar it hiele ferdrach yn it Ingelsk en hjir om it ramtferdrach yn it Frysk te lêzen.

forbrukslån uten inntekt | lendo forbrukslån