Sealterlân

Dat is in stikje ‘oar Fryslân’ mar sa’n 40 km oer de grins by Nijskâns. It aparte is fansels de taal – it Sealtersk – dy’t dêr praat wurdt en dy’t se yn ’e omkriten net fersteane.

Dat Sealtersk liket oan ’e iene kant tige op ús Frysk: Die Mon sit in t Rait tou fiskjen is fansels ‘De man sit yn ’t reid te fiskjen’. Dan is der noch in heel sjou wurden dêr’t men it Frysk oan ôfsjocht: tjuk ‘tsjûk’, fertjoonje ‘fertsjinje’, (d)joop ‘djip’, Säärke ‘tsjerke’, Sies ‘tsiis’, Säddene ‘tsjerne’, Bäiden ‘bern’, Jäild ‘jild’, Toarst ‘toarst’, toanke, ‘tinke’, wuurich ‘wurch’ en noch folle mear. Mar der binne ek gâns wurden hiel oars: âld oerurvene lykas kweede ‘sizze’, Soaks ‘mês’, ätter ‘nei’, däälich ‘hjoed’, mar ek út oare talen oernommene: baale ‘prate’, Fuurschäddel ‘peal yn ’t bûthús’, Tuffelke ‘ierappel’. As wy der rekken mei hâlde dat de âlde lange a (ús ea) ta in lange oo wurden is, dan lykje ferskate wurden sa út it Aldfrysk te kommen: dwo ‘dwaan’, slo ‘slaan’, sjo ‘sjen’, sjoode ‘siede’, Bjoor ‘bier’ (by Gysbert Japiks noch bjear). Fierders binne der aparte lidwurden foar manlik, froulik en meartal: die, ju en do en ek telwurden: aan, twäin, träi njonken een, two, tjo.

It Sealtersk wurdt praat yn trije doarpen: Strukelje, dútsk ‘Strücklingen’, Roomelse ‘Ramsloh’ en Schäddel ‘Scharrel’, dy’t no mei-inoar de gemeente Seelterlound ‘Saterland’ foarmje. Dy leine by âlds hielendal isolearre yn it heechfean oan it streamke de Seelter Äi ‘Sealter Ie’, dêr’t se mei lytse boatsjes op fearen en sa de kost fertsjinnen. Letter koe mei keunstdong it fean beboud wurde en kaam de turgraverij tige op gong en dat joech in grutte taname fan ’e befolking, mar brocht ek gâns frjemdfolk yn mei letter noch weagen fan flechtlingen. Op ’t heden binne der sa’n 2000 minsken dy’t Sealtersk prate kinne (mear as ea!) mar tagelyk meitsje se mar sa’n 25% fan’e befolking mear út (minder as ea) tsjin 55% Platdútsk en de rest allinne mar Heechdútsk.

Dat betsjut dat it Sealtersk syn posysje as strjittaal kwytrekke is. Om 1950 hinne wie dy noch sa sterk, dat sels guon flechtingsbern Sealtersk learden. En noch kin men yn warehuzen guon klanten wol mei-inoar of tsjin betsjinjend persoaniel Sealtersk praten hearre. Mar as taal om jins bern op te bringen is it sterk tebekrûn, benammen troch advys fan ’e skoallen yn ’e 1950-80’er jierren. Yn de lêste tiid binne dy dêr tige fan tebekkommen en wurdt fan alles dien om bern yn boartersplakken en beukerskoalle mei de taal op’e hichte te bringen.
Goed wurk wurdt dêrby ek dien troch de Seelter Buund, der binne alle 14 dagen radio-útstjoerings, Sealter krantestikjes wurde graach lêzen, der binne kursussen (b.g. op ’e universiteit en op ynternet) en it Sealtersk stiet as ‘lytste taal´ fan Europa yn Guinness. Alles kin fûn wurde troch de Seelter Wikipedia http://stq.wikipedia.org.

No noch efkes in dreech stikje foar de leafhawwer: Die Wänt strookede dät Wucht uum ju Keeuwe un oapede hier ap doo Sooken. Sykje mar op ynternet.

Pyt Kramer

Byfoege:
Saterland-Wappen.png It wapen fan Sealterlân mei neffens guon Karel de Grutte
Bahnhofscharrel.jpg: It Kulturhuus fan de Seelter Buund

fordeler ved forbrukslån | forburkslån refinansiere kredittkortgjeld