De Ried fan de Fryske Beweging is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is dwaande mei tal fan saken dy’t we fan belang achtsje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk. Dat dogge we ûnder oaren troch oerlis mei de polityk, organisaasjes te stypjen dy’t itselde neistribje as ús, kontakt te sykjen mei ynstânsjes dêr’t we mear omtinken foar it Frysk fan freegje en ús aktiviteiten yn de publisiteit te bringen.
De Ried is mei-organisator fan de Fryske Reklamepriis en de Fedde Schurerlêzing. Fierder rikt de Ried ien kear yn ‘t jier de Fear yn ‘e Broek út en stjoere we no en dan Plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t har op in bysûndere wize ynsette foar it Frysk. De Ried hat inkele siden om minsken yn de kunde komme te litten mei it Frysk. De nijsside www.itnijs.frl, bringt alle dagen wrâldnijs yn it Frysk, nijsgjirrige kollums en bysûnder nijs oer it Frysk. In oare side fan de Ried, www.startside.frl, is de poarte nei Frysktalige websiden en organisaasjes foar de Fryske taal en kultuer op it wrâldwide web. Sûnt 2019 jout de Ried ek in folslein Frysktalich magazine út, DE NIJE. Stipers fan de Ried krije DE NIJE fergees. De Ried is wakker aktyf op it ynternet. Sa is de Ried ek te finen op Facebook en Twitter.
Foar fragen en opmerkings kinne jo maile nei ynfo@fryskebeweging.frl. Of folje it formulier ûnder Kontakt yn. Wy besykje jo berjocht sa fluch as mooglik te beäntwurdzjen.
Bestjoersleden, adviseurs en meiwurkers fan de Ried
Arjen Dykstra, Ponghâlder
Jehannes Elzinga, Bestjoerslid
Nanne Hoekstra, Bestjoerslid
Geeske Krol-Benedictus, Ekstern adviseur
Simen Hofman, Bestjoerslid
Reinder Reitsma, Ynterim-foarsitter
Pieter de Zwart, Bestjoerslid
By de Ried oansletten organisaasjes
By de Ried oansletten organisaasjes
Stichting Amateurtoaniel Fryslân
Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) is in organisaasje dy’t de belangen behertiget fan it Fryske amateurtoaniel.
Wat docht de STAF?
De STAF jout oan de oansletten toanielselskippen advizen, leveret regisseurs, organisearret workshops en opliedingen en hâldt in spyllist by. Koartsein: de STAF stimulearret en begeliedt it amateurtoaniel yn Fryslân.
Betinking Slach by Warns
Nei oanlieding fan de eardere Slach by Warns wurdt ein septimber op of fuortby Leaffrouwedei in byienkomst (betinking) organisearre.
De ambysje fan de stifting Slach by Warns
Mei it ûnderhâlden fan it monumint op it Reaklif en it organisearjen fan de jierlikse byienkomst wurdt omtinken frege foar de aktuele posysje fan de Fryske taal en kultuer yn ferbân mei de minskerjochten.
It Frysk Boun om Utens
It Frysk Boun om Utens (It Boun) is de oerkoepeling fan de oansletten kriten bûten Fryslân, yn Nederlân.
Wat docht it Frysk Boun om Utens?
It stiet noed foar de mienskiplike belangen fan de kriten en hat dêr kontakten oer mei de oerheden, Fryske organisaasjes, de media en oaren.
Feriening Frysk Underwiis
De F.F.U. is oprjochte om it Frysk as taal in folweardich en oan it Hollânsk lykweardich plak te jaan yn it ûnderwiis
Wat docht it FFU?
De F.F.U. is oprjochte om de krêften te bondeljen fan alle belanghawwenden by en belangstellenden foar folweardich Frysk ûnderwiis.
Folkshegeskoalle Schylgeralân
De Folkshegeskoalle is in sintrum fan moetsjen, besinning en kultuer op in bysûnder plak yn de Skylger bosk.
Wat is de Folkshegeskoalle?
Al sûnt 1948 komme gasten nei de Folkshegeskoalle om har te ûntjaan, te genietsjen fan de natuer en har thús te fielen by it Fryske mienskipsgefoel. Wy biede plak oan kursussen, skoalreizen en oare aktiviteiten yn in passende akkommodaasje oant wol 100 persoanen.
Stifting Krúspunt Frysk Oekumenysk Platfoarm
Krúspunt is it moetingsplak foar organisaasjes en persoanen dy’t mear wolle en kinne mei it Frysk yn en om tsjerke.
Wat docht Stifting Krúspunt?
Krúspunt, oan ‘e digitale snelwei fan ynternet, sammelet alle ynformaasje, nijs en ûntwikkelings, dy’t raakflakken hawwe mei tsjerke/religy en de Fryske taal/streektalen.
De Federaasje
De Federaasje fan Fryske Studinteferienings is in gearwurkingsferbân fan Fryske studinteferienings.
Wat docht de Federaasje?
De Federaasje is net allinnich in oerlisorgaan, der binne ek tal fan aktiviteiten. De bekendste dêrfan is it jierlikse Krystkongres yn Frjentsjer mei ûnder mear in foarumdiskusje en in Kabaretkriich. Fierder ûnderhâlde de studinteferienings fia de Federaasje kontakt mei in tal Fryske organisaasjes.
Jongfryske Mienskip
De Jongfryske Mienskip beskôget it Fryske folk as in selsstannich folk en in autochtoane mearderheid yn Nederlân en Dútslân.
Wat docht de Jongfryske Mienskip?
De Jongfryske Mienskip is in libbene feriening mei in 100 leden. Jierliks wurde ferskate aktiviteiten organisearre, allegear mei it each op ferkenning – ferbining – ferbreding fan de Fryslannen, de Fryske taal, de Fryske kultuer en Fryske identiteit. De JFM oppenearret him fierder by kwestjes oangeande it Frysk en Fryslân. De JFM publisearret moanliks in nijsbrief en elk fearnsjier it blêd ‘Nij Frisia’.
De Fryske Rie
De Fryske Rie hat as doel it ûntwikkeljen en bekend meitsjen fan de Fryske kultuer yn brede sin (dus ek de Fryske taal), mei help fan ynternasjonale kontakten.
Wat docht de Fryske Rie?
Aktiviteiten dy’t yn it each springe, binne it organisearjen fan it Ynterfryske kongres, it Friesen-Droapen op Hilgelân en reguliere moetings fan groepen út de Fryske befolking.
ANBI Ynformaasje
De Ried fan de Fryske Beweging is oanwiisd as in ANBI ynstelling. Sjoch foar mear ynformaasje op www.anbi.nl
Jierferslach 2022 fan de Ried fan de Fryske Beweging
Jierrekken 2022 fan de Ried fan de Fryske Beweging
Jierrekken 2021 fan de Ried fan de Fryske Beweging
Jierferslach 2021 fan de Ried fan de Fryske Beweging
Jierrekken 2020 fan de Ried fan de Fryske Beweging
Jierferslach 2020 fan de Ried fan de Fryske Beweging