Nynke Beetstra

Doe’t Pier Bergsma my frege foar in sit yn it bestjoer, haw ik even twivele. Hiel even mar. Ik hie krekt it bestjoer fan Folkshegeskoalle Schylgeralân ferlitten en hie earder ek al yn tal fan bestjoeren sitten. Dat begûn al yn myn studintetiid by Bernlef yn Grins en gie fierder yn ûnder oaren Doarpsbelangen, kulturele ferienings, redaksjes fan doarpskrantsjes en ferskate funksjes by de FNP. Dat ik tocht, lit no in oar mar ris.

Neist it behertigjen fan de belangen fan de ûnderskate ynstânsjes hat it Frysk altyd de reade tried yn myn bestjoersfunksjes en myn wurk west. Derfoar opkomme en it brûke. By de Ried komme dy beide saken byelkoar: it belang, it doel fan de Ried is it ferbetterjen fan de posysje fan it Frysk. Sadwaande haw ik, nei in lyts momint fan neitinken, út folle oertsjûging ja sein op Pier syn fraach.

Ik bin hikke en tein yn Warkum en wenje no mei myn partner Cees van der Meulen yn Grou. Yn Grins haw ik sosjology studearre en letter yn Ljouwert by de Noardlike Leargongen noch MÛ-A Frysk. Mei dat foech haw ik, neist it grutbringen fan trije bern, tal fan jierren lesjouster by de Afûk west. Dêrnei kaam ik by Omrop Fryslân yn tsjinst as buroredakteur en ynternetredakteur. No bin ik mei pensjoen, mar haw ik, as beëdige oersetter Frysk, noch wol myn eigen oersetburo Taalwurk Fryslân.

Yn de seis jier dat ik foarsitter fan de FNP wie, koe ik my aardich útlibje yn it striden foar de posysje fan it Frysk en de belangen fan Fryslân, mar it bliuwt polityk. Der binne altyd ek oare belangen. By de Ried is dat dûbele der net. Alle aksjes, aktiviteiten en besluten steane yn tsjinst fan mar ien doel: it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk. Ik wol my dêr graach foar ynsette.