Presintaasje printeboek Janneke de Boer

Krekt in jier nei har earste, waard op snein 4 oktober it twadde printeboek fan Janneke de Boer presintearre:
Stikel en it koartste paad nei Lange Prins.
Dat barde mei in ‘sterk’ ferhaal fan har eardere juf fan de basisskoalle, Feikje van der Weide. Dy hold de oanwêzigen foar hoe wichtich it is dat nije (oarspronklik) Fryske berneboeken útjûn wurde; dat bern boeken lêze kinne yn harren eigen memmetaal en dat likegoed thús as op skoalle yn dy taal foarlêzen wurdt. Boppedat koe ‘juf’ Feikje it fansels net litte om in pear fraaie anekdoates oer lytse Janneke te fertellen.