Hans Kort

Hikke en tein op ‘e Gordyk en no wenjend yn Boalsert. Frou en fjouwer bern wêrfan ien wurket en trije noch leare. Drok dwaande mei bestjoerswurk foar de Ried fan de Fryske Beweging (Frysk op it ynternet, Reklamepriis, It Nijs en it Fryslân Funs) en it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. Begelied studinten mei it opsetten fan har eigen bedriuwke. En doch ek wurk foar TEDxFryslân.

Altyd ynternasjonaal wurke en sprek dêrom sawol Frysk as ferskate talen lykas Ingelsk en Frânsk. Earst wurke yn de suvel (Lijempf) en dêrnei yn de wrâld fan wittenskiplike blêden (Elsevier).

Myn driuwfear foar it oanheakjen by de Ried hat te meitsjen mei it folgjende: Ik kin der net oer dat guon âlden dy’t beide Frysk prate (as ien dêrfan) tinke dat harren bern beheind binne as se Frysk prate. En de bern dêrom Nederlânsk prate litte. Undersyk lit sjen dat twa- en trijetalige bern sich justjes better ûntwikkelje as folle tûkere bern. Frysk is in moaie taal en it moat gewoan bliuwe dat mei-inoander te sprekken.