Geart Benedictus

Geart Benedictus is sûnt 2012 foarsitter fan de Ried. Yn syn wurk as feearts en bestjoerder, yn syn omjouwing, yn de Steaten fan Fryslân, yn de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal hat hy him altiten bekroade om it plak fan de Fryske taal. Dit hat ûnder oaren de Wet brûken Fryske Taal opsmiten. In wichtich tema by de Ried is de sichtberens fan de Fryske taal yn de iepen twatalige mienskip fan Fryslân.

Op dit stuit is hy noch adviseur fan Provinsjale Steaten oangeande de Fryske taal en Kultuer en foarsitter fan de Maatskiplike Adviesrie fan de Fryske Akademy.