Us mem

Oan de Harnzer Singel yn Ljouwert stiet in grut brûnzen byld fan in ko. It is makke yn 1954 en stelt de ideale Fryske stamboekko foar.

 ‘Us mem’ hjit it byld yn de folksmûle. Fryslân hat yndie in soad oan de ko te tankjen – mei har molke en bûter en mei it ferneamde Fryske stamboekfee hat de provinsje namme makke. Boppedat is de ko, hast sûnt de âldste tiid, ien fan meast konstante eleminten yn de Fryske skiednis. De ko wie der earder as de minsken dy’t harsels foar it earst Fries neamden. De mooglikheden foar it ûntstean fan kultuer wurde bepaald troch it lânskip. Argeologysk ûndersyk lit sjen dat krekt yn it noardwesten fan Europa, lâns de kust fan de Noardsee, it oantal kij relatyf heech lei. Dat lei ek yn de reden, want hjir wiene de libbensomstannichheden foar it fee geunstich. Om genôch fretten te hawwen hat de ko op it kwelderlân ien bunder grûn nedich, tsjin seis hektare op sângrûn. Dit ferklearret ek it letter betreklik hege oantal bewenners fan it Fryske terpegebiet.

It hat lang duorre oant it safier wie. De âldste bewenning yn it tsjintwurdige Fryslân datearret fan ûngefear 11000 foar Kristus. Troch de iistiid lei de see folle leger as tsjintwurdich en wie it lânskip noch in kâlde en bare toendra dêr’t minsken op rindieren jagen en fiedsel samlen. Pas nei de ein fan de leste Iistiid (±. 8.000 foar Kristus) feroare it klimaat sa dat der beammen begûnen te groeien. Dêrnei naam de bewenning geandewei ta, mar dizze bestie noch wol sa’n 5000 jier benammen út omreizgjende jagers en samlers. De opkomst fan it boerebedriuw barde yn it lettere Fryske gebiet – want de minsken neamden harsels noch gjin Friezen – pas letter, ûngefear yn 3400 foar Kristus. De earste boeren wennen op it sân, ûngefear yn de tsjintwurdige Wâlden en Gaasterlân. Op grûn fan it ierdewurk dat fan harren weromfûn is, wurde se Trachterbeker-minsken neamd. Harren spoaren hawwe se efterlitten yn it gebiet fan Grut-Brittanje oant en mei Bulgarije. Se binne ek bekend wurden troch harren hunebêden. Fan dizze earste boeren is in (restaurearre) grêfheuvel te sjen by Bakkefean. It âldste bewiis fan de aktiviteiten fan dizze prehistoaryske boeren yn it tsjintwurdige Fryslân is fûn op in sânrêch by Boarnwert by Dokkum.

Dêr fûnen argeologen in ikker dy’t datearret út ± 3000 foar Kristus. Dizze boeren hâlden fee en hiene ek wat bou. Harders lieten yn it foarjier en de simmer it fee weidzje yn fjilden oan de râne fan it sân of op de klaai. Yn de ieuwen dêrnei naam de bewenning fan de sângrûnen yn de Wâlden ta, om yn it lêste desinnium foar it begjin fan de jiertelling wêr te minderjen. Troch in sterke groei fan it fean rekke hieltiten mear boerelân oerwoekere. Uteinlik rekken de Wâlden foar it meastepart ûntfolke en lutsen de minsken mei harren fee nei de tige fruchtbere kwelders – de tsjintwurdich yndike klaaistreken – dêr’t se terpen opsmieten om op te wenjen. Dat barde sûnt sawat 600 foar Kristus. De kij út dizze tiid seagen der gâns oars út as ‘Us Mem’. Se wienen yn elts gefal in stik lytser. Yn de rin fan de tiid hawwe der in soad ferskillende kij yn Fryslân omrûn: grut, lyts, readbûnt, mûsgriis, swart-wyt, blierkop oant en mei de blûne d’Aquitaine. Mar al tûzenen jierren, ek doe’t der noch hielendal net fan Fryske grûn sprutsen wurde koe, hawwe der kij yn it lân stien. Sa is de ko ien fan de meast konstante ferskinings út de Fryske skiednis en dêrmei net allinnich in produsint fan molke, bûter en tsiis, mar ek fan Fryske identiteit.

forbrukslån til boliglån | refinansiere forbrukslån lån til ny bil