Kneppelfreed

Yn oktober 1951 moast de Lemster feedokter Sjirk Frânses fan der Burg foar it Kantongerjocht yn it Hearrenfean ferskine fanwegen in ferkearsoertrêding.
Ûnder de sitting fierde Fan der Burg it wurd yn it Frysk.

De Kantonrjochter, mr. S.R.Wolthers, wenne al gans in skoft yn Fryslân, mar hy joech de feedokter te kennen, dat hy it Frysk net begripe woe. Fan der Burg fûn lykwols dat er yn Fryslân it rjocht hie om Frysk te sprekken. Dêrnei ûnderbriek Wolthers de sitting.
Hoewol’t de rjochter nei de ûnderbrekking stelde dat allinnich de yn it Nederlânsk sprutsen ferdigening meitelle soe, bleau Fan der Burg by it Frysk.
Úteinlik waard de rjochtsitting sletten doe’t de feedokter de easke boete fan sân gûne betelle hie. De sitting wie dien, mar de kwestje fan it Frysk yn de rjochtseal wie yn beweging set.

De saak tsjin Fan der Burg waard ferslein troch in tal sjoernalisten. Fedde Schurer, it boechbyld fan de Hearrenfeanske Koerier, wie ien fan harren. Fan syn hân kaam in provosearjend haadartikel tsjin de arrogânsje fan de rjochterlike macht, dy’t wegere om de taal fan it folk te begripen. It stik wie sa fûl, dat Schurer sels foar de rjochter ferskine moast fanwegen misliediging fan de rjochterlike macht. Dat wie krekt it doel fan Schurer. Hy hie mei opset sin de rjochtsaak útlokke, om’t er woe dat de rjochter him útsprekke soe oer de posysje fan it Frysk yn de rjochtspraak.

Op freed 16 novimber 1951 moast Schurer foar de plysjerjochter fan de Ljouwerter rjochtbank ferskine. Hy waard feroardiele ta twa wike finzenisstraf ûnder betingsten, mei trije jier proeftiid, wylst de substitút offisier fan justysje mei 150 gûne folstean woe.
Om’t de rjochtsaak tsjin Schurer yn in lyts sealtsje holden waard, koene in soad belangstellenden der net by wêze en sammele har yn in grutte mannichte foar it gerjochtsgebou.

Oan de ein fan ’e middei rûn it út op in konfrontaasje tusken de plysje en oanhingers fan Schurer. De brânwacht waard ynset om mei wetterspuiten de demonstranten útelkoar te driuwen en de plysjemannen sloegen mei kneppels yn op de demonstranten.
De gaos en de ferbjustering wiene grut. Freed 16 novimber gong de skiednis yn as “Kneppelfreed”. Dat sette faasje efter de fêststelling fan wetlike regels oangeande it brûken fan de Fryske taal.

forbrukslån billigste rente | lån beste rente sammenligne forbrukslån