Grutte fibula fan Winaam

De Grutte Fibula fan Winaam (foto) ek wol neamd de keningsfibula fan Winaam, is it 7e iuwsk topstik út de archeologykolleksje fan it Frysk Museum. De fibula waard eartiids troch de frou fan in wichtige lieder of kening droegen.

De fynst by Winaam

By Winaam, op de terp Tsjitsma, in pear kilometer noardeastlik fan Harns, waarden fan 1991 oant 1993 archeologyske opgravings dien troch de universiteiten fan Grins en Amsterdam. Dat ûndersyk hie ynternasjonaal omtinken fanwege de bysûndere fynsten, dy’t hjir yn it ferline dien binne. De útkomst fan it ûndersyk jout oanlieding om te tinken dat Winaam it haadplak west hat fan in Fryske kening.

Yn 1953 waard dêr de fuotplaat fûn fan in grutte fibula. De spjelde wie lykwols troch in ploege skansearre en is dêrtroch net mear folslein. Amateurarcheologen hawwe jierren mei metaaldetektors socht nei de ûntbrekkende dieltsjes.

By opgravings fan de njoggentiger jierren binne de sulveren brêge mei gouden beklaaiing, de knier en dieltjes fan de kopplaat weromfûn. Stikje by stikje koe de spjelde rekonstruearre wurde. Allinnich fan de sierskiif is (noch) neat werom fûn.

Yn augustus 2009 waard op in ikker by Winaam noch in ûntbrekkend stik fan de fibula werom fûn. It giet om in fragmint fan twa by trije sintimeter dat part wie fan de kopplaat. Troch dizze fynst is it mooglik wurden om de ôfbylding op de kopplaat te ûntsiferen. It docht bliken dat it om in ôfbylding giet fan de Fryske oergod Weda, flankeare troch twa dierlike helpgeasten.

Al dy fynsten suggerearje dat Winaam de delsetting west hat fan in ier-midsiuwsk skaai fan eallju. Tegearre mei de fynst fan in muntstimpel mei de ynskripsje (AUDWULF FRISIA) begjin 2006, docht hiel bot tinken dat de Fryske kening Audulf hjir syn residinsje hie.

Fan 6 juny 2015 oant en mei 3 jannewaris 2016 is der in oersichtstentoanstelling yn it Frysk Museum neamd ‘Goud’: de goudskatten út ‘e iere midsiuwen dy’t opgroeven binne út de Fryske terpen mei as hichtepunt de fibula fan Winaam.

 

ya bank forbrukslån | forbrukslån til bryllup refinansiere forbrukslån