Doutzen Kroes

Doutzen Kroes (Eastermar, 23 jannewaris 1985 ) is in ynternasjonaal fotomodel. Se wennet ôfwikselend yn New York en Nederlân.

Nei’t se yn 2003 slagge wie foar it Hafû-eksamen oan it Drachtster Lyseum, stjoerde se in pear fakânsjefoto’s op nei it modelleburo Paparazzi yn Amsterdam. Se woe graach wat byfertsjinje. It smiet mear op as dat se ferwachte hie, want binnen twa jier wie se op itselde nivo as oare topmodellen.

Doutzen rint moadeshows foar bygelyks Versace, Dolce en Gabbana en Gucci, Ralph Lauren, Michel Kors en wie it nije oansjen fan de parfumrige fan Calvin Klein. Yn 2006 hat se in kontrakt mei it kosmetikabedriuw L’Oréal ôfsletten en waard dêrmei it bêst betelle model fan Fryslân en Nederlân ea.

Yn novimber 2007 waard bekend dat Doutzen it nije gesicht wurde sil fan it linzjerymerk Victoria’s Secret.
Kroes heart sûnt 2008 by de top-fiif fan de bêst betelle modellen yn ‘e wrâld. Yn 2007 stie se al op it trettjinde plak. Se fertsjinne yn 2007 1,5 miljoen dollar. Ofrûne jier stie se op it fierde plak en fertsjinne goed 7,5 miljoen dollar (= 6,5 miljoen euro). Foaricht jier stie se noch op it twadde plak mei in fertsjinst fan 8 miljoen dollar.

Har eigen waaksen byld yn Madame Tussaud krige se op 28 april 2008. Doutzen hat yn 2009 yn Amsterdam de Lifetime Achievement Award wûn. Om’t se al sa jong it heechst helbere yn in modellekarriêre berikt hat, wie de sjuery it unanym iens oer it takennen fan de award. Ek waard se útroppen ta Miss Nederland Positief. Eardere winners wienen Yolanthe Cabau van Kasbergen en Liza Sips. Doutzen hat de titel te tankjen oan har positive útstrieling; se is nofteren, beskieden en in rolmodel foar jonge froulju.

Yn july 2009 is Doutzen it gesicht fan de C&A promoasjekampanje yn Brazylje en yn augustus 2009 wurdt Doutzen oankundige as nije ambassadeur fan de organisaasje dance4life. Dance4life set him yn om hiv en aids yn de wrâld werom te kringen. Sûnt novimber 2009 skriuwt se ien kear yn ’e moanne in kollum oer har libben yn de Nederlânske edysje fan ‘Marie Claire’.

Yn 2010 is se boaske mei dj Sunnery James en hat in soan en in dochter.

Se hat yn 2011 har debút as aktrise makke yn de film Nova Zembla fan regisseur Reinout Oerlemans. Dêryn spile se de rol fan Catharina Plancius, de dochter fan Petrus Plancius, in Flaamsk atronoom, kartograaf, geograaf, predikant en bewâldfierder fan de VOC.

Praat mar Frysk

Doutzen is grutsk op har Fryske ôfkomst. Woansdei 21 novimber 2007 naam se it beslút om foar de kampanje “Praat mar Frysk” warber te wurden. Se tôget opblaaslippen mei de tekst “Praat mar Frysk” oer de hiele wrâld mei har mei en soarget dat se yn byld komme op de foto’s dy’t se dit kear sels makket. Op de kampanje-webside hâldt se de Friezen op de hichte.

  
 

forbrukslån med lav rente | lån på dagen forbrukslån på dagen