Ynternasjonale kontaktekommisje (YKK)

De doelstelling is ynformaasje útwikselje en oerlizze mei ferlykbere kulturele minderheden yn Europa, bûten Nederlân, om elkoar te helpen en te stypjen by it opsetten en útfieren fan plannen ta it yn stân hâlden fan de taal en kultuer en it fuortsterkjen fan de materiële betingsten dêr foar.

Dat betsjut dat der kontakten wêze moatte sawol skriftlik (e-mail), telefonysk mar ek persoanlik troch moetings (kongressen, besites, útwikselings).

Dêrneist wol de wurkgroep de kennis oer en de kontakten tusken taalminderheden propagearje en popularisearje en it brûken fan minderheidstalen yn de ferskate gebieten fan Europa stimulearje.