Sosjaal-ekonomyske Wurkgroep (SEK)

De doelstelling fan dizze wurkgroep is om fan sosjaal-ekonomysk eachpunt út de Fryske taal en kultuer yn stân te hâlden en te befoarderjen en dêr’t dat mooglik is, op dit mêd de foarstap te nimmen.

Dêrby is yn it bysûnder omtinken foar de leefberens op it plattelân fanwege de relaasje mei it yn stân hâlden fan de Fryske taal. Fierder de soarch foar it selsstannich bliuwen fan de provinsje Fryslân as oerheid en dêrby behâld fan sûne oerheidsynstellings.

De wurkgroep docht dat troch:

• Neigean fan, yn te sprekken op en te reagearjen op nota’s en oare beliedsstikken fan it ryk, de provinsje en oare oerheden, benammen as dy gefolgen hawwe foar it karakter fan de Fryske mienskip, de taal, de kultuer, it beskikbere arbeidsoanbod en de wurkgelegenheid.
• It opsetten fan in netwurk yn de Ried foar it registrearjen fan bedriuwen, ynstituten en organisaasjes dy’t geregeld it Frysk aktyf brûke, om dêr in wytboek fan gear te stallen, by te hâlden en te publisearjen.