Promoasje- en akwysysje-wurkgroep

De doelstelling is om mear draachflak foar it Frysk, in Frysk taalbelied en foar de aktiviteiten fan de Ried te krijen. Dat liedt yn 2013 ta de folgjende produkten:

  • nijs oer projekten fan de Ried;
  • de folsleine ynhâld fan Swingel;
  • de mooglikheid om algemiene en detailearre ynformaasje op te freegjen;
  • in aginda mei aktiviteiten fan ferskate Fryske organisaasjes;
  • de mooglikheid jin op te jaan as stiper fan de Ried en/of oare stipe oan de Ried ta te sizzen;
  • yn te heakjen op siden as Facebook, Hyves, ensafuorthinne;
  • it oanbieden fan tekstkorreksje fia www.goedfrysk.nl
  • ynformaasje oer de Fryske taal en kultuer
  • ynformaasje oer de Fryske Skiednis
  • keppelings nei oare Fryske siden
  • filmkes mei Fryske Muzyk.
  • ynformaasje oer Fryske edukaasje