Kristlik Frysk Selskip

It yn 1908 oprjochte protestantske Kristlik Frysk Selskip (KFS) hat ta doel it brûken fan it Frysk (ek) yn Kristlike fermiddens te stimulearjen. De ortodokse protestantske Friezen fielden har oan it begjin fan de foarige ieu net sa thús yn it liberale en faak anty-tsjerklike Ald Selskip. Yn 1917 is om deselde reden it Roomsk Frysk Boun oprjochte, mei op oanstean fan Pater karmelyt Titus Brandsma (18811942) dy’t oant 1925 skriuwer wie fan it bûn.

Yn 1997 is it Roomsk Frysk Boun opgien yn it KFS, neidat beide ferienings al in jiermennich yn in soarte fan federaasjeferbân gearwurke hienen. It KFS en it RFB wiene altyd al by de Ried oansletten.

Sipke Huismans wie de man dy’t mei Anders Minnes Wybenga de oanset joech ta de oprjochting fan wat yn earsten it Kristlik Selskip for Fryske Tael- en Skrifttekennisse hjitte soe. Yn it midden fan de 20’er jierren komt der mei Hendrik van Houten en Fedde Schurer in koerswiziging fan taal- skriftekennisse nei in mear striidbere koers foar emansipaasje fan it Frysk. De namme wurdt dan ek feroare yn koartwei ‘Kristlik Frysk Selskip’ en se rjochtsje har mear op it brûken fan it Frysk op skoalle en yn tsjerke mar benammen ek yn it iepenbier bestjoer en de rjochtspraak.

It KFS is sûnt 1945 ien fan de by de Ried fan de Fryske Beweging oansletten selskippen.

Yn 1963 wurdt troch it KFS de bibelferkeapkommisje “Net fan brea allinne” ynsteld, om sa mear Fryke Bibels ûnder de minsken te krijen. De bibelferkeap is tsjintwurdich ûnderbrocht by de Kristlik Fryske FolksBibleteek.

Sûnt 1977 jout it KFS alle jierren it bûsboekje út, in Fryske aginda.

Nij adres fan it KFS is:
KFS / dhr.
P. Miedema,
Berkenburch 7,
8702 BD

List fan de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE