It Frysk Boun om Utens

It Frysk Boun om Utens (It Boun) is de oerkoepeling fan de oansletten kriten bûten Fryslân, yn Nederlân. It stiet noed foar de mienskiplike belangen fan de kriten en hat dêr kontakten oer mei de oerheden, Fryske organisaasjes, de media en oaren. 

It Boun hat neffens it karbrief as doelstelling:1. in bân te lizzen tusken de Friezen bûten Fryslân en by harren it Fryske folkskarakter yn al syn uterings, benammen yn de taal, te bewarjen en te befoarderjen; 2. by oaren as Friezen, niget oan en begryp te bringen foar Fryslân, de Fryske taal, kultuer en skiednis. De kriten organisearje byienkomsten oangeande: Toaniel, Kabaret, Sjongen, Boekbesprekken, Lêzings en/of Stúdzjegearkomsten op it mêd fan de Fryske taal, literatuer, skiednis, kultuer ensfh. Fierder wurde kursussen Frysk organisearre, sawol foar Frysktaligen as foar net-Frysktaligen.

Oansletten kriten: Apeldoarn – Arnhim – Assen – Boadegraven – De Haach – Haarlim – Hilversum – Hoarn – Hurderwyk – Lelystêd – Meppel – Seist – Súdeast Drinte – Swol – Twente – Utert.

Net-oansletten kriten om útens: De Helder, Roan.

Mienskiplik mei It Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse jout It Frysk Boun om Utens alle jierren in Ynfo(rmaasje)map út.

Kontakt: Hâns J. Weijer, skriuwer, Witterweg 29, 9421 PE Bovensmilde NL,
telefoan: (0031 (0)) 592-412165,
e-mail: skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.nl

webside: www.fryskbutenfryslan.frl

forbrukslån rimelig | refinansiere kredittkortgjeld forbrukslån på dagen