Feriening Frysk Underwiis

De Feriening Frysk Underwiis is oprjochte yn 1987. Doe waard betocht dat it 50 jier lyn wie dat it Frysk yn it primêr ûnderwiis tastien waard. Yn dy tiid waard ornearre dat it Frysk yn it ûnderwiis noch altiten net in soad foarstelde en dat noch hiel wat dien wurde moast om it Frysk as taal in folweardich en oan it Hollânsk lykweardich plak te jaan yn it ûnderwiis.

Dêrta is doe de F.F.U. oprjochte om de krêften te bondeljen fan alle belanghawwenden by en belangstellenden foar folweardich Frysk ûnderwiis. Fan pjutteboartersplak oant en mei heger ûnderwiis. Dat kinne wêze: âlden, ûnderwizenden, skoallen, skoalbestjoerders, studinten en alle oare belanghawwenden en belangstellenden.

As jo ek fan betinken binne dat mear oan it Frysk yn it ûnderwiis dien wurde moat, stypje ús dan troch lid te wurden fan de feriening. Foar € 10,- jiers wurde jo dan op ‘e hichte holden mei de aktiviteiten fan ‘e F.F.U. en fansels kinne jo dêr dan ek oan meidwaan.

Klik hjir om op it FFU-webstek te kommen.