De Stellingwarver Schrieversronte

De Ried fan de Fryske Beweging wol noed stean foar alle streektalen yn de provinsje Fryslân. Dêr heart fansels ek it Stellingwerfsk by. De Stellingwarver Schrieversronte is dêrom oansletten by de Ried.

It bestjoer fan de Ried en fan de Schrieversronte binne it deroer iens dat it krewearjen foar mear romte foar it Frysk en it Stellingwerfsk in protte mienskipliks hat. By beide is fansels de juridyske erkenning tige wichtich. Dêrnjonken stribje beide dernei dat har taal mear yn de offisjele romte brûkt wurdt, sawol mûnling as skriftlik. Beide hawwe dermei te krijen dat jonge âlden somtiden foar it gemak of om wat foar reden dan ek tinke dat se better Hollânsk mei de bern prate kinne.

By beide hat yn it ûnderwiis de eigen taal noch hieltyd in Janpoepsplak. De Ried wol as koepelorganisaasje foar de autochtoane talen yn Fryslân opkomme. Fan dy kant besjoen is it net mear as logysk dat de Stellingwervers yn de Ried meiprate. De Bilkerts dogge dat ommers ek al jierren. It jout ek de mooglikheid om bûten de Stellingwerven mear bekendheid oan it Stellingwerfsk te jaan. Krekt as de Bilkerts kinne de Stellingwervers har eigen taal yn de Swingel brûke. De Ried kin oan de oare kant dêrmei syn doelstelling (it bewarjen en befoarderjen fan de Fryske identiteit, taal en kultuer) better wiermeitsje. It Stellingwerfsk en it Biltsk hearre likegoed ta de Fryske identiteit. Datselde soe ek foar it Stedfrysk jilde kinne, mar dêr is spitigernôch net in organisaasje foar. It mei dúdlik wêze dat it bestjoer tige wiis is mei it beslút fan de Schrieversronte.

De Ried wol in sa breed mooglik draachflak foar de eigen taal en kultuer ûnder de ynwenners fan Fryslân en dêrbûten skeppe. Wy geane dêrom rêstich troch om by mear organisaasjes belangstelling op te roppen foar it wurk fan de Ried. Wat mear organisaasjes de Ried fertsjintwurdiget, wat minder de autoriteiten foar de Ried wei kinne. Ien fan de earste saken dêr’t Ried en Schrieversronte yn ’e mande mei Ons Bildt en de oare Fryslannen (yn Dútslân) mei dwaande binne, is it selskipsspul. In soartgelikens spul, mar dan mear yn de foarm fan Triviant, is yn West-Fryslân (Noard-Hollân) tige populêr. De bedoeling fan it spul is om boartsjendewei (it is in soarte fan guozzeboerd) yn ’e kunde mei elkoars taal, kultuer, skiednis en lânskip te kommen. In lytse wurkgroep fan de Ried hopet oan de ein fan dit jier it spul klear te hawwen en út te jaan.

Stichting Stellingwarver Schrieversronte – Instituut veur Stellingwarver tael en kultuur, mit historisch en volkskundig archief
Willinge Prinsstraat 10
8421 PE Berkoop
0516-451108 / info@stellingwarfs.nl

Webside fan de Stellingwarver Schrieversronte

forbrukslån til egenkapital | søke forbrukslån uten inntekt forbrukslån uten sikkerhet