De Fryske Rie

De Fryske Rie

Wat wol de Fryske Rie berikke en hoe?
De Fryske Rie hat as wyt (doel):                                                                                                   

 a.  it ûntwikkeljen fan de Fryske kultuer yn de brede betsjutting mei help fan ynternasjonale kontakten en troch it skeppen en ûntwikkeljen fan de middels dy’t sokke kontakten mooglik meitsje;                                                                                                                                        

b. oare Europeeske regio’s yn de kunde te bringen mei de Fryske kultuer en it meiwurkjen oan it presintearjen fan de kultuer fan oare Europeeske regio’s yn de eigen provinsje;                            

 c. it stimulearjen fan de kulturele posysje fan Fryslân yn Europa troch it befoarderjen fan Fryske kulturele aktiviteiten yn oare Europeeske regio’s;                                                                

d. it befoarderjen fan in better begryp en freonskip tusken minsken, groepen en folken;                  

e. benammen it befoarderjen fan de kontakten tusken de trije Fryslannen.

It dielnimmen oan de aktiviteiten fan de Fryske Rie stiet foar eltsenien iepen.

Ein 2007 hat de Fryske Rie him oansletten by de Ried fan de Fryske Beweging. Men moat dy beide rieden lykwols net trochinoar helje, al krewearje se allebeide foar it Frysk, Fryslân en ynternasjonale kontakten mei oare minderheidstalen. De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is in koepel fan organisaasjes, de Fryske Rie (yn Westerlauwersk Fryslân) nét. De Fryske Rie en de Ried fan de Fryske Beweging hoopje fansels dat beide (stiftings) wat oaninoar hawwe sille en dat se inoar fersterkje.

Gearwurking mei de Friezen oan de oare kant fan de steatsgrins                                                                                                                                          De Fryske Rie wurket al mear as fyftich jier gear mei syn beide susterorganisaasjes yn Noard-Fryslân (Frasche Rädj) en East-Fryslân (Fräiske Räid of Freeske Raad) yn Dútslân. It is benammen in mei-inoar oparbeidzjen op kultureel mêd, mar ek in sosjaal-ekonomyske diskusje of in bewyske polityk wurdt net út ’e wei gien. Dat oparbeidzjen hat op 11 septimber 1998 mei de oprjochting fan de Interfriesischer Rat e.V. (‘Ynterfryske Rie’) in nije grûnslach krigen. De Ynterfryske Rie hat in roaster fan moetings. De moetings wurde yn ’e regel jierren yn ’t foar fêststeld. Sa hat de Ynterfryske Rie tradisjoneel trije typen reguliere aktiviteiten:

  1. It Ynterfrysk Kongres. Dat fûn foar it earst yn 1925 plak en wurdt sûnt de fyftiger jierren ien kear yn ’e trije jier holden, ôfwikseljend yn ien fan de trije Fryslannen. Yn 2015 hiene jo der fan 5 oant en  mei 7 maaie by wêze kinnen op Söl (Sylt) yn Noard-Fryslân. Yn 2021 is ús Fryslân wer oan bar. Tige wolkom!
  2. It Friesen-droapen. Dat wie oant 1998 bekend as ‘Sternfahrt der Friesen’. It fynt plak op Hilgelân en is in moeting fan Friezen út binnen- en bûtenlân. Om de trije jier kinne jo derhinne en dogge dan inkelde dagen mei oan in kultureel festival mei artysten út alle Fryslannen. Dat barren fan  Noard-, East- en Westerlauwerske Friezen (en dy fan Sealterlân en it Land Wursten) op Hilgelân (yn it Noard-Frysk: Deät Lun [= It Lân]) mei syn ûnder- en boppelân, wurdt holden foar in breed publyk.

De reis derhinne is al nijsgjirrich en it eilân sels is ryk oan taal (‘Halunder Freesk’), skiednis (‘hillich lân’ fan de god Forseti of Forsite; yn in Fryske kontekst ek Fosite of Fosete, dat sadwaande komt it eilân op âlde kaarten wol foar as ‘Fositeland’), ûnderhearrigens oan Denen, Britten en Dútsers, marinebasis yn de Earste en Twadde Wrâldoarloch, rike natoer (briedplak foar seefûgels en pleisterplak foar tûzenen trekfûgels, in koloanje seehûnen op it eilantsje Düne, de lossteande rots ‘Lange Anna’, ensfh.). Yn 2016 giet it wer oan, fan 2/3 juny oant en mei 5 juny. Der is in moai programma gearstald, mei in mienskiplike besite oan Düne, in rûnlieding troch de ûndergrûnske bunkers, in wedstriid fan Börteboot-roeiers, in Frysk koggeskip mei in bemanning yn midsiuwske klean dy’t salang’t de moeting duorret yn in midsiuwsk kamp libje, wurkwinkels oer sport en folksgebrûken, in lêzing fan dr. Meindert Schroor oer de identifikaasje fan de Friezen mei har eigen gea, in Friezejûn (feestprogramma) mei muzyk fan Baldrs Draumar (in Westerlauwersk Fryske ‘folk metal band’), Bruno Rummler (winner ‘Liet 2014’) en Duo fan’t Lun (Hilgelân), in Platdútske teaterskets, in moadeshow yn midsiuwske klean. En op snein in ôfslutende tsjerketsjinst yn de Fryske talen mei dêrnei in optocht oer it eilân en demonstraasjes fan folksdûnsjen. Mar boppe-al is Hilgelân it hillich stee om inoar as Friezen fan wjerskanten fan de steatsgrinzen te moetsjen en om kontakten te lizzen of te ûnderhâlden. Jo binne fan herten wolkom (sjoch ek ris op webstek: www.fryskerie.nl).

  1. Der wurde geregeld moetings organisearre foar de berops- en maatskiplike groepen dy’t yn de Fryske Rie en Ynterfryske Rie fertsjintwurdige binne, ôfwikseljend yn de trije Fryslannen. Yn 2016 hat der fan 3-6 febr. in boeremoeting west yn ús Fryslân en wurdt der apart ek noch ien foar jonge boeren organisearre troch it Ljouwerter Nordwin College (middelber beropsûnderwiis). Yn 2016 is der in bestjoerdersmoeting yn East-Fryslân en yn 2018 wer yn Westerlauwersk Fryslân. Fan 21-24 sept. 2016 fynt de earstkommende frouljusmoeting fan benammen plattelânsfroulju yn ús Fryslân plak. Fierders besiket de Ynterfryske Rie ek moetings te organisearjen foar ûndernimmers en by te dragen oan moetings fan learkrêften, beukerskoalleliedsters (bgl. ‘Kindergärtnerinnen’) en studinten of oare jongelju (sjoch ek ris op webstek: www.fryskerie.nl).

Ynterfryske Rie                                                                                                                                                                      Al mear 60 jier lyn waard op it sechste Grutfrysk kongres (‘Friesenkongreß’) op 28 augustus 1955 yn Au[w]erk (Aurich) it ferneamde Frysk Manifest oannommen. De sjoernalist en Frysk beweger Jan Tjittes Piebenga út ús Westerlauwersk Fryslân hat dêr in Dútsktalige rede holden dy’t grutte yndruk makke en nochal wat ynfloed hân hat op it tinken fan oare Fryske bewegers yn alle Fryslannen. Mei troch syn opfettings waard op 18 febrewaris 1956 yn it East-Fryske Lear (ek wol: Lier of Leer) de saneamde Friesenrat op ’en nij oprjochte. Dy ‘Rat’ hjit sûnt 11 septimber 1998 Interfriesischer Rat e.V. (Ynterfryske Rie). Dy Ynterfryske Rie hat op it stuit (2016) syn sintraal sekretariaat yn Auerk (Aurich yn East-Fryslân/Ostfreesland). De trije regionale seksjes (de trije Fryske Rieden) binne:                                                                         de ‘Seksje Noard’, yn Naibel (Niebüll; Nordfriislon/Nordfriesland yn Dútslân), foar Noard-Fryslân en Hilgelân;                                                                                                                          – de ‘Seksje East’, yn Auwerk, foar East- Fryslân (Ostfreesland/Ostfriesland) en it Sealterlân (Seelterlound/Saterland yn Dútslân);                                                                                             de ‘Seksje West’, yn Ljouwert, foar de Nederlânske provinsje Fryslân (yn Dútslân ornaris Westfriesland neamd en by ús Westerlauwersk Fryslân). Alle jierren is der in miene gearkomste fan de Ynterfryske Rie, dêr’t fan eltse seksje op syn meast njoggen bestjoersleden oan dielnimme kinne. Twa fertsjintwurdigers fan elts fan trije seksjes komme sa’n trije kear jiers earne yn Dútslân byinoar om alle mienskiplike plannen en moetings ta te rieden. De Ynterfryske Rie koördinearret it wurk fan de trije seksjes.

Inkelde eardere en takomstige aktiviteiten fan de Ynterfryske Rie
1. Begjin 2006, waarden op it Noard-Fryske waadeilân Söl (Dútsk: Sylt) de earste eksimplaren útrikt fan in bysûndere Dútske postsegel, û.o. oan de minister-presidinten fan Niedersachsen en fan Schleswig-Holstein en oan dr. Roel Kaastra LLM, as ‘liaison’ foar ús doetiidske kommissaris fan de Keninginne. Op de segel stiet boppe in weagjende Noardsee – it natuerelemint dat alle Friezen ferbynt – yn trije talen: Fräiske Räid, Frasche Rädj en Fryske Rie. De postsegel krige in wearde fan 90 sinten, it yn dy tiid Dútske taryf foar poststikken oant 50 gram. Oerdwers is te lêzen: 50 Jahre Friesenrat. In moai gebeart fan belangstelling foar it ferbinende wurk fan de Fryske Rieden.

  1. Yn 2006 ferskynde it Dútsktalige boek Die Frieslande, dat mei help fan prof. dr. Thomas Steensen yn opdracht fan de Ynterfryske Rie útjûn waard troch it Nordfriisk Instituut (Bräist/FBredsted, NF). Twa jier letter, op 15 desimber 2008, ferskynde yn opdracht fan de Fryske Rie in Frysktalige oersetting ûnder de titel De Fryslannen by de Afûk (Ljouwert; 128 siden). It boek jout in koart en prachtich yllustrearre oersjoch fan de Fryske skiednis, taal en kultuer yn Westerlauwersk Fryslân, East- en Noard-Fryslân, mar it is no spitigernôch útferkoft yn de reguliere boekhannel.
  2. De Ynterfryske Rie hat sûnt 25 april 2009 offisjeel syn ‘eigen’ ynter-Fryske flagge, dy’t almeast hyst en úthongen wurdt op de plakken dêr’t Friezemoetings organisearre wurde. Net eltsenien achte yndertiid de flagge goed slagge. Der lizze dan ek noch oare ûntwerpen fan yndividuele persoanen en organisaasjes. In ûntwerp fan in neffens guon ‘Skandinavyske’ of ‘Deenskeftige’ flagge waard yn de seksje Noard-Fryslân en dêrtroch ek yn East-Fryslân ôfwiisd. Faaks komt der nochris in tiid dat Fryske en Dútske oerheden mienskiplik en offisjeel in ynter-Fryske flagge fêststelle wolle, dus ien mei in hege status. Dan krije ûntwerpen fan oaren mooglik in twadde kâns.   
  3. Yn 2013 organisearre de Fryske Rie fan 24 sept.-3 okt. in busreis nei Rome dy’t foar alle Friezen út binnen- en bûtenlân iepenstie. Pastoar en bestjoerslid Jan Romkes van der Wal hie de rûte al earder bereizge, hiel wat foarwurk dien en ek op Facebook al gâns ynformaasje oanlevere. Der wie spitigernôch in (te) lytse belangstelling fan de kant fan de Noard- en East-Friezen (trije minsken), want it wie in tige nijsgjirrige en goed organisearre reis (30 dielnimmers) mei  as eindoel de Friezetsjerke yn Rome. Ûnderweis waarden der plakken oandien dy’t fan belang wiene en binne foar it folk fan de Friezen, benammen foar har religieuze of politike skiednis.

Op 16 aug. 2013 wie der in tariedingsgearkomste yn de Dom fan Almenum (Sint-Michaëltsjerke). Op de reis sels waarden foar Friezen wichtige stêden oandien lykas Ljouwert, Werden, Keulen, Worms, Bazel, Luzern, Flüeli, Meiringen, Pavia, Rome (mei û.o. op 29 sept., Sint-Migylssnein, in bysûndere tsjerketsjinst yn de Friezetsjerke, dy’t yn Nederlân ek op de telefyzje útstjoerd is, en noch in aparte ûntfangst oan de ein fan de middei), Frankfurt en Xanten. Nei de reis is noch in treflik en kleurich yllustrearre ferslachboek (‘Frisia-Roma MMXIII’) produsearre, dat oanbean is op in reunygearkomste op 24 jannewaris 2014 te Harns. Gâns dielnimmers hawwe ûnderweis tige aktyf yn en kreatyf west mei it leverjen fan bydragen yn de foarm fan foardrachten, teksten of rymstikken. De reis hat sa goed foldien en bydroegen ta de ûnderlinge ferbûnens dat foar ’t neist yn 2017 in reis nei East- en Noard-Fryslân holden wurde sil.

  1. Yn 2015 binne de Hollânsktalige ‘statuten’ fan de Stifting Fryske Rie út 1981 oerset yn it Frysk en oanpast oan nije ûntjouwings. Yn de gearkomste fan 1 oktober 2015 is it nije karbrief te Dokkum fêststeld, wylst de notariële akte passearre is troch notaris mr. Anna de Vries op 26 oktober 2015.
  2. Yn 2014 kaam der by de Fryske Rie in fersyk yn fan Arno Ulrichs (seksje East) om nei te gean oft der ek in Frysktalich struibrief komme koe oer de Fryske frijheid en de Opstalsbeam (yn East-Fryslân). Der wiene al sokke folders yn it Hollânsk, it Heech- en Leechdútsk útjûn troch de Ostfriesische Landschaft te Aurich (‘Au[w]erk’). En der lei al in Fryske oersetting fan dr. Oebele Vries. Mei in dofke provinsjaal subsydzje koe it oangean. Drs. Sytze T. Hiemstra hat de einredaksje fersoarge en yn maaie 2015 waard it printe (twa siden). Sadwaande koe dr. mr. Roel Kaastra, foarsitter fan de Fryske Rie, dêr op 26 maaie (tiisdei, de ‘tredde Pinksterdei’) foar it yn 1833 oprjochte piramidefoarmich Opstalsbeam-monumint op ’e midsiuwske grêfhichte te Rahe (by Aurich) oer op ’e  tekst en oan de betinkers fan de Fryske frijheid dêre ús eigen Frysktalich, mearkleurich optearstruibrief presintearje. It lokkige tafal woe dat drs. Kerst Huisman (ek bestjoerslid fan de Fryske Rie) útnûge wie om by de Opstalsbeam te sprekken oer ‘Feriene om de Opstalsbeam hinne’ en dêr in treflik ferhaal holden hat (sjoch ek Nij Frisia, nû. 3, sept 2015, s. 6-9).

Lokkich wiene der ek Friezen út ús Fryslân om de beide mannen beharkje te kinne, mar dat hiene fansels fiif kear safolle wêze moatten. Dat soe Arno Ulrichs, de East-Fryske organisator (en bestjoerslid fan de Seksje East), deugd dwaan en tagelyk is it in earbetoan oan Douwe Kalma en oare Jongfriezen, dy’t ek oer de grinzen hinne sjen koene en kinne. Oan de oare kant fan de ûnnatuerlike (steats)grins mei Dútslân wenje ommers likegoed Friezen dy’t harren frijheid leavje: ‘Fryslân en de wrâld’ dus.

Ferbûnens
De Friezen út de trije Fryslannen hearre ta mear as ien steat, mar yn de ‘Ynterfryske ferklearring’ út 2006, in mear hjoeddeiske útwurking fan it troch de tiid wat ynhelle Frysk Manifest, sprekke se út dat se har, nettsjinsteande dat, ien folk fiele. En dat se as Frysk folk de eigen taal, dy’t sa beskiedend is foar har identiteit, befoarderje en útbouwe wolle. De Friezen dogge dêrby in berop op alle offisjele en net-offisjele ynstânsjes om harren dêrby te stypjen. Se wolle inoar bystean yn Fryske saken (sjoch dêrfoar ek de Ynterfryske ferklearring op it webstek: www.fryskerie.nl by ‘Ynterfryske ferklearring’). Dat is wol nedich, want net allinnich de Westerlauwerske Friezen hawwe in swiere sile te lûken om har taal en kultuer yn wêzen te hâlden, by de Noard-Friezen en de Sealterlanners leit dat noch folle dreger …

It Frysk manifest (1955)

“Op ’e dei fan it sechte mienskiplik gearkommen yn dizze ieu steane wy Friezen oeral wei, út Noard-, Westerlauwersk en Eastfryslân, út Sealterlân en Wursten, út Oldenburg en fan Hilgolân, op it earwurdich sté by de Upstalbeam, dêr’t yn ’e Midsieuwen ôffurdigen fan ’e sawn sélannen plichten gear te kommen. Wy binne hjir gearkommen yn ’e oertsjûging, dat wy byinoar hearre en omdat dy oertsjûging sa sterk is, dat dy wurd hawwe wol, in oertsjûging, dy’t bistean bleaun is troch alle skiedkundich barren en oer alle grinzen hinne, dy’t yn ’e rin fan ’e tiid ûntstien binne.

Mienskiplik hawwe wy ús folksaerd, mienskiplik de striid tsjin it gewelt fan ’e Noardsé, mienskiplik binammen it witten fan ús frijheit, fan Nederlân ont Denemark ta.

De tiid ferget greater forbannen. De trije Fryslannen sizze fan herten ja op alle stribjen, dat ta de ienheit fan Jeropa liede kin. Al hearre wy ta mear as ien steatsforbân, wy fiele lykwols oer alle skiedingen hinne, dat wy hearre ta ien folk, wend en fan doel, trou te bliuwen oan syn folksaerd.

Mei de Friezedagen, dy’t yn 1925 yn Jever bigoun binne, wolle wy ús rekkenskip jaen fan ’e mienskiplike wearden. Wy leauwe yn kultuer, dy’t har woartels hat yn ’e djipten fan it folksaerd en meiinoar wolle wy dêr noed fan stean. Wy steane der by de forantwurdlike ynstânsjes op oan, de wearde fan it kulturele wurk fan ús Fryske ynstellingen en forbannen rjocht te dwaen en dat sa to stypjen, dat it him folslein ûntjaen kin en de sterkste dyk wurdt tsjin de alles oersljochtsjende massafoarming.

Wy leauwe yn ’e greate bitsjutting fan ús memmetael, itsij Frysk, itsij platdútsk, dy’t wy as weardefolst erfskip meikrigen en dy’t wy foar alles hoedzje en noedzje wolle. Aldershûs, skoalle en tsjerke moatte ús dêrby helpe en wy freegje fan alle steatsynstânsjes, de wearde fan dat wurk mei to stimmen.

Wy leauwe yn de mienskiplike taek. De Friezerie, dy’t wy yn it libben roppe wolle, sil it oparbeidzjen fuortsterkje, wittenskip, skriftekennisse en alle skeppend stribjen bifoarderje moatte, ta greater eare en oansjen fan Fryslân yn ’e wrâld.

Oannommen op it 6ste Grutfrysk kongres op 28-08-1955 te Aurich (East-Fryslân)

Boarne: DE STIM fan Fryslân, Kristlik Frysk wykblêd, 16 septimber 1955 [de Dútsktalige wjergader is oan te klikken op: www.fryskerie.nl]

forbrukslån med betalingsanmerkning | forbrukslån rimelig forbrukslån til silikon