De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân

De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân (FFOF), is de ‘fanclub’ fan de omrop. It doel fan de feriening is it stribjen nei in goede publike Fryske omrop foar radio en televyzje.  

De FOF soarget foar ynformaasje oer Omrop Fryslân en stipet Omrop Fryslân by syn doelstellings en aktiviteiten.

(oernommen fan de hiemside fan Omrop Fryslân)

Aktiviteiten

De FOF hâldt kontakt mei har leden fia it blêd Each en Ear, dat fjouwer kear jiers útkomt. Se organisearje ekskurzjes, fytstochten, lêzings en in jierfergadering yn kombinaasje mei besite oan in rjochtstreeks radio- of televyzjeprogramma. Fia de Freonen fan Omrop Fryslân krije de leden ek faak koartings op Fryske boeken en CD’ s.

JIERGEARKOMSTE

De FOF hâldt alle jierren in jiergearkomste.
Neiere bysûnderheden oangeande it programma folgje noch op de hiemside fan Omrop Fryslân.

Lid wurde?

Wolle jo ek graach lid wurde fan de FOF? Dat kin troch it oanmeldformulier yn te foljen.
Nije leden krije in moaie FOF-pinne.

Kontakt?

Jo kinne op ferskate wizen kontakt opnimme mei de FOF, bygelyks fia de mail: freonen@omropfryslan.nl of troch in briefke te stjoeren nei:

Feriening Freonen fan Omrop Fryslân
Postbus 7600,
903 JP LJOUWERT

webside: www.omropfryslan.nl/freonen
mail: freonen@omropfryslan.nl