Sykje nei nije Fryske wurden

Oersetwedstriid yn it ramt fan de Europeeske dei fan de talen

Dyn eigen Frysk wurd útfine? Dat kin. Op 26 septimber begjint in wedstriid foar wurden dy’t noch net sa hiel lang besteane yn it Hollânsk. De wedstriid wurdt organisearre yn it ramt fan de Europeeske dei fan de talen.

Zeilmeisje, dweilsoap en bierbabe: it binne mar inkelde wurden dy’t it ôfrûne jier foar it earst yn it nijs kamen. Gauris ûntsteane dy nije wurden nei oanlieding fan de aktualiteit en somtiden ferdwine se ek wer gau. Mar bytiden begjinne se diel út te meitsjen fan de Nederlânske taal. Oliemannetje is sa’n wurdt: it doek foar de earste kear yn de njoggentiger jierren fan de foarige ieu op en no heart men it geregeld.

By dizze wedstriid komt it derop oan om foar in stikmannich fan dy nije Hollânske wurden in Fryske oersetting te sykjen. Wat wurdt vuvuzelaterreur yn it Frysk bygelyks? Kreativiteit en orizjinaliteit wurde dêrby tige oanmoedige. In saakkundige sjuery kiest úteinlik de moaiste nije wurden yn it Frysk.

Europeeske dei fan de Talen                                                                                                         
De Europeeske dei fan de talen wurdt alle jierren holden op 26 septimber. Op en om dy datum hinne wurde ûnderskate eveneminten organisearre om omtinken te freegjen foar it belang fan talen. It giet net allinnich om it begripen en praten fan frjemde talen, mar ek fan offisjele minderheidstalen yn eigen lân. Taal wurdt dêrby sjoen as in middel om yn ’e kunde te kommen mei oare kultueren en as utering fan de Europeeske rykdom: ienheid yn ferskaat.                                                                                                                                                                        

Organisators                                                                                                                                           
DGT, de fertaaltsjinst fan de Europeeske Kommisje, hat yn eltse lidsteat fan de Europeeske Uny in fertsjintwurdiging. De fertsjintwurdiging yn Nederlân organisearret dizze wedstriid yn gearwurking mei de Fryske Akademy, de Ried fan de Fryske Beweging en it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar.

Ynformaasje foar it publyk                                                                                                                        
Alle ynformaasje oer it dielnimmen fynt men op www.europesedagvandetalen.nl (fan 26 septimber ôf).