De Ynterfryske Gearwurkingskommisje (YGK) fan de Ried fan de Fryske Beweging hat in nije Ynterfryske Dikekaart makke. Alle Fryske lannen fan Alkmaar oant Denemark binne as ien regio ôfbylde.
It is de earste Ynterfryske kaart dy’t de toponimen yn it Westerlauwersk Frysk hat. Allinnich yn Noard-Fryslân en it Sealterlân binne respektivelik de Noard-Fryske en it Sealterfryske toponimen brûkt. Dat betsjut dat de regio West-Fryslân om Hoarne hinne, de stêd Grins mei de Ommelannen, en it grutste part fan East-Fryslân de toponimen allegear yn it Westerlauwersk Frysk hawwe.
In kommisje fan saakkundigen hat gear west om de plaknammen sa goed mooglik yn it hjoeddeiske Westerlauwersk Frysk fêst te stellen. De measte plaknammen krigen dêrmei har âlde betsjutting werom, dêr’t de woartels fan gauris yn it Aldfrysk leinen. De âlde betsjutting fan de plaknammen is yn de hjoeddeiske Nederlânske en Dútske oersetting faak alhiel weiwurden.
Ynterfryske kartografy is fan alle tiden. Yn de 16e oant en mei de 19e ieu ferskynden ek al kaarten fan Fryslân tusken Fly (hjoeddeiske Iselmar) en de rivier de Wezer. Yn 2010 ferskynde de lêste Ynterfryske posterkaart. De Ynterfryske dikekaart is yn detail útwurke en lit sjen dat de ferbûnens tusken de ferskillende Fryske lannen nei ieuwen ûnder ferskillende nasjonale steaten noch hieltyd stân hâldt yn de plaknammen.
De earste printinge fan de Ynterfryske Dikekaart hat in oplage fan 1000 kaarten. By de Warnsbetinking sil der in earste mooglikheid wêze om de nije kaart te besetten.
De RfdFB hopet dat de nije kaart bysûnder omtinken kriget. It is de earste moderne kaart mei alle plaknammen yn it Frysk en dy’t ek noch yn detail útwurke is. De Ried fan de Fryske Beweging hopet hjirmei in bydrage leverje te kinnen oan de Ynterfryske gearwurking.
Wolle jo de kaart bestelle? Dan kin dat stjoer even in mail nei ynfo@fryskebeweging.frl.