Minsken sûnder mail stypje www.foarfryslan.nl

De Ried fan de Fryske Beweging hat in petysje online stean. De minsken dy’t de petysje ûndertekenje jouwe oan dat se wolle dat Fryslân bestean bliuwt. Fryslân moat beslist net opgean yn in noardlik lânsdiel. In probleem fan de petysje is dat minsken in e-mailadres hawwe moatte. Net alle minsken beskikke oer sa’n adres.

Dat die bliken doe’t by de post in briefke ynkaam mei ferskillende nammen, dy’t de petysje graach ûndertekenje. It begeliedend briefke wie netsjes skreaun en der stie yn, dat dizze minsken hâlde fan de Fryske taal en fan Fryslân. Mar fan kompjûters moatte se neat ha. Dêrom âlderwetsk in briefke mei nammen.

Sjoch ek www.foarfryslan.nl