Minderheidstalen min fertsjintwurdige yn ús strjitbyld

Loulou Edelman ûndersocht oft teksten yn de iepenbiere rûmte (tegearre it taallânskip neamd) yn de talen fan de befolking skreaun binne. Dat blykt mar ta in hichte it gefal te wêzen.

Goed 3000 ferkearsbuorden, reklamebillboards, strjitnammen en kommersjele winkelbuorden fotografearre en analysearre Loulou Edelman. Tegearre binne se ûnderdiel fan it taallânskip fan Amsterdam en Fryslân. In frij nij begryp yn de taalwittenskip, wêrop’t Edelman op 1 oktober promovearret oan de Universiteit fan Amsterdam (UvA). Yn har proefskrift konkludearret se dat it Nederlânske taallânskip net folle bliken jout fan de meartaligens yn ús lân.

Meartaligens
It ûndersyk nei taallânskippen stiet noch yn de berneskuon, leit Edelman út. It is sels sa nij dat der noch oer diskusjearre wurdt yn hokker tûke fan de taalwittenskip it no eins falt. De promovenda sjocht it sels it leafst as in ûnderdiel fan de sosjolinguistyk. Sa hat se bygelyks sjoen nei meartaligens op buorden. “By buorden mei twa of mear talen ha ik ûndersocht oft der switcht wurdt tusken talen op wurd- of sinsnivo. Dit lêst blykt faker foar te kommen.”

Foar har ûndersyk makke Edelman foto’s fan winkelstrjitten yn Amsterdam en yn Fryslân. Edelman ljochtet har kar ta: “Yn Amsterdam wurde njonken it Nederlânsk in soad ymmigrantetalen sprutsen. Boppedat wie te ferwachtsjen dat de oanwêzigens fan toeristen fan ynfloed is op it taallânskip. Yn Fryslân ha we te krijen mei twa offisjele talen, it Nederlânsk en it Frysk. Yn Fryslân ha ik ferskate plakken besocht: Ljouwert, dêr’t yn ferhâlding net folle Frysk sprutsen wurdt; Burgum, dêr’t yn ferhâlding in soad Frysk sprutsen wurdt en Frjentsjer, dat der in bytsje tuskenyn sit.”

Prestiizje
Dochs moast Edelman konkludearje dat de minderheidstalen – it Turksk, Arabysk en Berber yn Amsterdam; en it Frysk yn Fryslân – der smoarch weikamen. En dat wylst it Turksk bekend stiet as de fitaalste minderheidstaal yn Amsterdam. Dochs komt dizze taal yn it strjitbyld net folle mear foar as it Arabysk. Foar it ûntbrekken fan it Berber hat Edelman wol in ferklearring. “It Berber is foaral in sprutsen taal. It hat gjin echte skriuwtradysje. En yn sekere sin jildt dit ek foar it Frysk: ek it Frysk is foaral in sprutsen taal.”

Yn Fryslân trof Edelman faker buorden oan yn it Ingelsk as yn it Frysk. “Mar ek oare westerske talen ha in seker prestiizje. It Italjaansk bygelyks wurdt in soad brûkt troch skuonwinkels. Hoewol’t de taalkar foar in grut part ûnbewust is, ha dizze talen dochs in bepaalde konnotaasje. In goed foarbyld is Vero Moda, in Italjaanske namme foar in Deensk kleanbedriuw. Eins it it hielendal gjin goed Italjaansk. Yn it Italjaansk soe it Vera Moda of Moda Vera wêze moatte. Mar dat docht der blykber net in soad ta. It giet om it gefoel dat de winkelman hjirmei oerbringt.”

Winkelnammen binne dus wol deeglik wichtich om ydintiteit út te drukken. Dit die noch dúdliker bliken út de ynterviews dy’t masterstudint Hyke Bierma ôfnaam yn Fryslân. “De eigners fan iissalon De IIsbear yn Frjentsjer bygelyks, keazen foar in Fryske namme. Ek de iepeningstiden fan har winkel ha se hiel bewust yn it Nederlânsk en yn it Frysk ôfdrukt.”

Dêr’t de promovenda wol tsjinoan rûn by har ûndersyk wie dat der net sa’n soad bekend is oer de talen dy’t sprutsen wurde yn Nederlân. “Hoe folle talen wurde der krekt yn Amsterdam sprutsen? By myn ûndersyk kaam ik der efter dat hjir mar in bytsje oer bekend is. Ik hoopje dan ek dat hjir yn de takomst mear ûndersyk nei dien wurdt.”