Oprop: jou lûd. Kommende woansdei sil de provinsjale steaten gearkomme. Dan sil der praat wurde oer de begrutting fan 2011.
De begrutting 2011 is it wichtichste dokumint foar provinsjale steaten om stjoering te jaan oan it beleid fan de provinsje foar it kommende jier. Dermei wurde de finansjele kaders steld. Omdat dit in wichtich stik is freget de Ried fan de Fryske Beweging om manmachtich oanwêzich te wezen.
De provinsje is fan doel om te besunigjen op it Frysk. Besunigings dy mei it each op de foarming fan it nije regear net ferstannich binne. Jild dat no besunige wurdt komt der yn de kommende jierren nea wêr by. it Frysk buorket ferskriklik hurd achterút mochten de útstellen troch gean.
Hjir wol de provinsje op besunigje.
De earste besunigings moatte no keard wurde! Wat mear minsken oanwêzich binne om sjen te litten dat de provinsje net besunigje moat op it Frysk wat better it is.