It Nijs is it digitale Frysktalige nijsblêd fan de Ried. Oerienkomstich it doel wurdt der hieltyd wurke oan it fersoargjen fan in breed nijsoanbod mar fansels dat ek it nijs oer it Frysk en de meartaligens syn gerak kriget. Der wurdt hieltyd socht nei middels om safolle mooglik lêzers te krijen. It tal lêzers nimt konstant ta en it stribjen is om it tal lêzers omheech te krijen.
It Nijs publisearret nijs yn de rubryken Nijs út Fryslân, Nijs út de Beneluks, Wrâldnijs en Opiny. Lêzers kinne sich opjaan om eltse dei in nijsbrief te ûntfangen mei alle berjochten, as ien kear yn ‘e wike mei it wichtichste nijs.