DRYLTS – De gemeente Wymbritseradiel moat foar 1 septimber it beslút fan de gemeenterie útfiere en de Fryske plaknammen offisjeel meitsje. Dy opdracht hat steatssekretaris Ank Bijleveld de gemeente hjoed jûn.
De gemeenterie fan Wymbritseradiel, mei as haadplak Drylts, hat yn 2008 besletten dat de Fryske nammen fan de stêd en de doarpen offisjeel wurde soenen. De gemeentebestjoerders hawwe dat beslút oant no ta lykwols negearre. Op it stuit is it ûnwis hokker nammen no offisjeel binne: de Nederlânske of de Fryske. Dat is rjochtsûnwissens en dat kin net yn in rjochtssteat, seit de steatssekretaris.
De kâns is grut dat Wymbritseradiel yn septimber mei in tal buorgemeenten fusearret ta in nije gemeente Súdwest-Fryslân. Foar dy tiid moatte útsteande riedsbesluten útfierd wêze.
De offisjele namme fan in plak is benammen fan juridysk belang. In offisjeel dokumint, bygelyks in boete of in bertebewiis, is mooglik ûnjildich as der in net-offisjele namme op brûkt wurdt. Yn de praktyk dominearje de Fryske nammen yn Wybritseradiel likegoed al wol. Op de kombuorden steane se bygelyks boppe de Nederlânske.