Fryske Printeboeken foar bern

Op de webside www.fryskprinteboek.nl stean bekende ferhalen, mearkes en leginden mar ek ferhalen dy’t troch bern sels makke binne yn it Frysk.

Yn it lêste gefal meitsje de bern sels in filmke, skriuwe sels in ferhaal, tekenje de platen en prate it mei opname-apparatuer yn. De foarm ferskilt alneffens âldens en bern. In kwalifisearre dosint helpt de bern derby en makket der in filmke fan. Dit filmke komt op de webside en kin thús sa faak as de berns sels wolle besjoen wurde. Fansels kinne se it dan ek sjen litte oan heit en mem, pake en beppe en oare freontsjes. Dy mooglikheid ta werheljen is wichtich om de Fryske taal te learen, ek foar folwoeksenen.

Mei dit projekt wurdt berikt dat bern hiel aktyf de Fryske taal brûke. Foar learkrêften fan it basisûnderwiis is dit in nijsgjirrich projekt. Tsjintwurdich hawwe hast alle groepen in digitaal skoalboerd. De filmkes binne sa makke dat dy maklik ôfspile wurde kinne op sa’n boerd. De learkrêft hoecht allinnich mar op “play” te drukken en de Fryske taal komt jin temjitte.

It projekt is leechdrompelich en dêrom gaadlik foar alle leeftiden. De filmkes en ferhalen binne frij te brûken.