Frysk leare kin ek yn Leien

Al sûnt 1950 hat de Universiteit Leien yn de mande mei de Fryske Akademy yn Ljouwert in learstoel Frysk. De learstoel is lyts, de belangstelling grut. By it kolleezje heart in besite oan Ljouwert. Want dêr hat noch lang net elke studint west.

Fryske Akademy
Yn de resinte berjochten fan ferline wike oer de stúdzje Frysk wurdt de yndruk jûn dat it allinnich in Grins (haadfak) en Amsterdam (minor) mooglik is om Frysk te studearjen. Dat is net sa. Sûnt 1950 ûnderhâldt de Leienske universiteit in bysûndere learstoel Fryske Taal en Letterkunde. Yn it earstoan waard dizze learstoel bekostige troch de provinsje Fryslân, sûnt jier en dei is de Fryske Akademy yn Ljouwert der ferantwurdlik foar, tegearre mei de Leienske Fakulteit fan de Geasteswittenskippen. Sjoen de grutte fan de learstoel (0,1fte), is it oanbod fan kursussen lyts; de belangstelling is lykwols grut.

Aldfrysk
Learstoelhâlder prof. dr. Rolf Bremmer, heechlearaar Ald-Ingelsk én Frysk: ‘Elk jier bied ik in kursus oan. De iene kear is dat in ynlieding yn de midsieuske Fryske taal en kultuer, de oare kear in oersjoch fan de wederwarichheden fan it Frysk troch de ieuwen hinne.’ It giet ynearsten om ûnderwiis op bachelornivo, mar mei in ferswierre lêslist en in grutter wurkstik kinne masterstudinten ek meidwaan. ‘Dit jier wie Alfdrysk oan de beurt. Ik hie in groep fan tolve entûsjaste kursisten.’

Ferskiedenheid
Organisatoarysk falt de learstoel ûnder de Oplieding Nederlânsk, mar studinten komme út in soad ferskillende hoeken, net allinnich fan Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk en skiednis, mar ek fan Japansk, sosjology en argeology. Dat ferskaat makket de wyklikse gearkomsten tige libben.’ De kursussen wurde steefêst ôfsluten mei in iendeiske besite oan Ljouwert. ‘It is nuver hoefolle studinten noch nea yn Fryslân west hawwe.’

Bûtenlân
Ynteresse foar de Leienske frisistyk komt ek út it bûtenlân. Bremmer: ‘Dit jier haw ik in kursus Aldfrysk oanbean yn it ramt fan de Leienske simmerskoalle foar talen en taalkunde. Yn in yntinsyf programma fan twa wiken hawwe – alwer – tolve studinten út in ferskaat oan lannen, fariearjend fan de FS oant Sweden en fan Kroaasje oant Ingelân, de knepen fan it fak leard. De begearigens dêr’t se de stof mei opnamen en ferwurken wie tige oansteklik. Ek al is de Leienske foarsjenning lyts, yn in heal jier 24 studinten ôfleverje dy’t in kursus Aldfrysk folge hawwe, kin in fergeliking mei Grins en Amsterdam tegearre maklik trochstean.’