Frysk en de steateferkiezings

LJOUWERT – De Ried fan de Fryske Beweging  is fan miening dat de wetlike ferankering en de finansjele stipe foar it Frysk foar 2015 op krekt sa’n nivo brocht wurdt as dat fan ferlykbere regio’s yn Europa. Dat skriuwt de Ried oan de politike partijen dy’t meidogge oan de Steateferkiezings yn Fryslân takom jier. Yn it brief wurdt oanstien op in fiergeande autonomy en belestingmiddels foar de eigen taal en kultuer yn Fryslân en it ûnderwiis yn it Frysk. 

Yn in ’10-punteplan’ jout de Ried oan wêr’t de kommende fjouwer jier de prioriteiten lizze moatte. Yn grutte halen komt it derop del dat de Ried graach sjen soe dat de ‘rânebetingsten’ foar it behâld en de fierdere ûntjouwing fan de Fryske taal en kultuer folle better wurde. Yn ferliking ta oare meartalige regio’s yn Europa, tink oan Wales, Skotlân (Gaelic), Kataloanje en Súd-Tirol, moat yn Fryslân wiswier mear dien wurde. It docht bliken dat suksesfolle regio’s sawol finansjeel, organisatoarysk as ek wetlik de posysje fan har taal better ferankere hawwe.

De Ried fan de Fryske beweging leit mei klam de relaasje mei sosjaal-ekonomyske aspekten. In fersterking fan Fryslân as bestjoerlike ienheid jout in stimulâns oan de wurkgelegenheid, wylst it opgean yn in noardlik lânsdiel mei Grins as haadstêd soargje sil foar it leechsûgjen fan Fryslân. Fierder hat wittenskiplik ûndersyk útwiisd dat meartaligens posityf is, it kennisnivo foar sawol taal as rekkenjen giet omheech en dat komt de ekonomy ek wer te’n goede. Yn it ramt fan ‘e Praat mar Frysk kampanje hawwe in grut tal ûndernimmers oanjûn dat it goed saken dwaan is yn it Frysk. 

De Ried basearret syn punten foar in grut part op ‘e ynternasjonale ynbring fan it Committee of Experts fan de Rie fan Europa. Dy hawwe al trije kear derop wiisd dat Nederlân net oan syn ferplichtings foldocht wat it ûnderwiis neffens it Hânfêst fan Regionale Talen oangiet en dat it dêrom sa wichtich is dat Fryslân sels it foech krijt. Dat betsjut in ‘oanmerklik’ diel yn it Frysk yn basis- en fuortset ûnderwiis. De Ried wol dêrta dat yn 2015 alle skoallen minimaal 6 oeren wyks it Frysk as fiertaal hawwe. Foar it ûnderwiis soenen de Steaten in ferfolchdoel stelle moatte: 200 twa- of Frysktalige pjutteboartersplakken en 100 trijetalige skoallen yn 2015.

It Committee of Experts hat fierder oanjûn dat net oan ‘e ferplichtings foldien wurdt as it giet om in Frysktalige publike omrop foar Fryslân. De Ried stiet dêrom oan op in alsidige en folsleine Omrop Fryslân mei in protte berneprograms. Yn it ljocht fan it Hânfêst foar Taalminderheden mei perfoarst net  snijd wurde op ‘e post Fryske taal en kultuer. Sterker noch, yn ferliking mei de budzjetten yn oare meartalige regio’s yn Europa moat der in aardige skeppe oer hinne.

———————————-

punten Fryske taal en kultuer yn programma 2011-2015

  1. Bestjoer. Behâld fan Fryslân as selsstannige bestjoersienheid en fierdere fersterking fan it foech fan de provinsje oer Fryske taal, kultuer en ûnderwiis. Nei de kommisje-Hoekstra moat der grif in ferfolch komme om Fryslân fiergeande autonomy en middels (eigen belestingdomein) te jaan oer syn eigen taal en kultuer en it ûnderwiis dêryn. Sjoch bygelyks nei de situaasje op ‘e Antillen en oare regio’s yn Europa hoe’t Fryslân de mooglikheid krije kin om sels wetten fêst te stellen. 
  2. Underwiis. De bepalings yn it Hânfêst foar Regionale- en Taalminderheden moatte yntegraal neilibbe wurde. Dat betsjut in ‘oanmerklik’ diel yn it Frysk yn basis- en fuortset ûnderwiis (yn 2015 alle skoallen minimaal 6 oeren wyks, as fiertaal). Ferfolchdoel stelle: 200 twa- of Frysktalige pjutteboartersplakken en 100 trijetalige skoallen yn 2015 (ferfolch fan súksesfol Boppeslach-projekt). Frysk ferplichte eksamenfak yn Fuortset Underwiis. Undersyk hat útwiisd dat meartaligens posityf is, sawol foar taal as foar rekkenjen.   
  3. Alsidige en folsleine Omrop. Omrop Fryslân moat syn funksje útbouwe om net allinnich Frysk nijs yn prime-time oeren te meitsjen, mar ek folle mear berne-programma’s oerdeis en folsleine en folweardige programmearring te fersoargjen foar alle ynwenners fan Fryslân en dêrbûten alle Friezen yn ‘e wrâld (fia satellyt, ynternet..). Mei folweardich wurdt bedoeld: net allinnich nijs út en oer Fryslân, mar de hiele dei en oer en fan de hiele wrâld. Dêrta sil de finansjele bydrage oan de Omrop heger moatte. Yn ferskate dokuminten is in bedrach neamd fan omtrint € 30 miljoen euro op jierbasis.
  4. Finânsjes. De Taalnota 2008-2010 is ynhâldlik goed te neamen, mar it docht bliken dat der fierstente min jild is om de ambysjes út te fieren. Sa is de pot foar oanfragen om it Frysk sichtber te meitsjen hiel gau leech. Yn it ljocht fan it Hânfêst foar Taalminderheden mei perfoarst net  snijd wurde op ‘e post Fryske taal en kultuer. Sterker noch, yn ferliking mei de budzjetten yn oare regio’s moat der in aardige skeppe oer hinne. Sa wurdt yn Fryslân foar it Frysk yn it ûnderwiis € 3,5 miljoen útjûn, wylst dat foar it Skotsk Gaelic mei 60.000 sprekkers € 6 miljoen is en foar it Baskysk mei likefolle sprekkers as yn Fryslân € 66 miljoen.   
  5. Yntern. As op alle ôfdielings fan it provinsjehûs goed – yntegraal – tocht wurdt en it Frysk meinommen wurdt by belied en útfiering, kin folle mear berikt wurde as dat allinnich de ôfdieling Kultuer, Taal en Underwiis dat docht. Tink oan it Frysk op buorden by ynfrastrukturele projekten, twatalige perronbuorden, konsesjes foar it iepenbier ferfier, kollumns en advertinsjes yn ‘e krante, kwaliteitseasken Frysk foar nij personiel en gean sa mar troch.  
  6. Sichtberens Frysk: op bedriuweterreinen (keppelje oan subsydzjebetingst), yn ‘e iepenbiere romte, yn ICT-funksjes (T9-funksje en menu mobile tillefoans, jildautomaten, websiden, ynternetapplikaasjes, sosjale media lykas hyves, datingsites), by it MKB (bebuording, menukaarten), banken, musea, soarch (buordsjes en aktiviteiten), kulturele sektor (reklame, personiel en yntern). It Frysk wurdt mear sichtber yn einprodukten foar konsuminten. 
  7. Doelstelling Kultuer: Yn 2015 is in Sintrum foar Fryske Taal en Kultuer oprjochte nei foarbyld fan de Welsh Language Board. In finster oer de oare Fryslannen yn ‘e Fryske kanon. 
  8. Gemeenten en oare oerheden: Trochgean mei de súksesfolle ‘Gemeenten en Frysk-konferinsje’, ûnderlinge Frysktalige korrespondinsje, priis foar bêste gemeentlike webside en projekt. Mar ek: Hânfêst tapasse by gemeentlike weryndielings foar goed taalbelied. Wetterskip: yn de útfieringsoerienkomst tusken provinsje en Wetterskip sil in better en aktyf taalbelied ôfpraat wurde moatte. It ferlingen fan ‘e Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (rint oant 2010). 
  9. Frysk funksje-eask: troch goede (wer-)opliedings, byskoalling en kwaliteitseasken foar ferstean, lêzen, prate en skriuwe stimulearje dat sjoernalisten, abbekaten, plysjes, amtners, politisy, bestjoerders, learaars, liedsters fan berne-opfang en pjutteplakken, justysjele wurkers ensfh. Aktive behearsking fan it Frysk fan personiel Provinsje dat yn kontakt mei it publyk stiet en beliedsamtners op ôfdieling Kultuer, Taal en Underwiis.

10.  Sertifikaat Frysk mei passende beleaning by ôfstudearjen foar liedsters fan berne-opfang en pjutteboartersplakken. Wa’t yn Fryslân bern opheine wol sil it Frysk mûnling en skriftlik goed behearskje moatte. Fierder soe in fluchkursus oanbean wurde moatte oan nije dosinten fan bûten Fryslân dy’t yn it fuortset ûnderwiis komme te wurkjen. Yn ‘e Pabû it Frysk as yntegraal part fan ‘e oplieding, dus ek by fakken as biology, sport, geakunde, muzyk ensfh.