Dûbeltalige úttreksels GBA Achtkarspelen

Mei yngong fan 1 augustus 2010 is it mooglik om op fersyk in dûbeltalich úttreksel, Nederlânsk en Frysk, út de saneamde Gemeentlike Basisadministraasje (GBA) te krijen.

 It giet dan bygelyks om in bewiis dat de persoan ynskreaun stiet yn de gemeente, in ferklearring fan yn libben wêzen (attestatie de vita) of in ôfskrift dêr’t de nasjonaliteit fan de persoan út bliken docht. Achtkarspelen is de earste gemeente yn Fryslân dy’t dûbeltalige GBA-úttreksels útjout.

Op grûn fan de ‘Wet gebruik Friese taal in het rechtsverkeer’ wurde de akten boargerlike stân al fan 1997 ôf dûbeltalich útjûn. It giet dan bygelyks om in (ûnder)trou-akte, berte-akte of in akte fan ferstjerren. Sûnt 1 augustus komme de úttreksels GBA hjir dus by.

It útjaan fan dûbeltalige úttreksels is in inisjatyf fan de riedswurkgroep Frysk yn Achtkarspelen, dy’t elts jier nije aktiviteiten op it mêd fan it Frysk taalbelied betinkt.

GBA Sjoerd Groenhof