Produkteplan

Ried fan de Fryske Beweging: Produkteplan 2013A . Skreaun yn 2012

Ynlieding

– De kearntaak fan de Ried fan de Fryske Beweging is neffens it karbrief te omskriuwen as: it bewarjen fan de identiteit fan it Fryske folk en it befoarderjen fan de bloei fan syn taal en kultuer.

– De produkten dy’t út dy kearntaken fuortkomme, wurde hjirnei ûnder de fetprinte nammen fan dy produkten beskreaun.

– De omskriuwings fan de produkten dêr’t de Ried subsydzje foar freget, binne oanjûn yn it taheakke ‘Totaal oersjoch fan de bedraggen fan it produktplan 2013’, stik C.

– Us aktiviteiten wurde foar in grut part troch frijwilligers útfierd. Dêrnjonken is in meiwurker (de hear M. Tjerkstra) foar 14 oeren wyks by de Ried detasjearre. Der wurdt ek romte litten foar oare/nije produkten en sa nedich de ynskeakeling fan tredden.

– Al ús produkten stypje it brûken fan it Frysk en de measte jouwe in bydrage oan de sosjale en kulturele emansipaasje fan de Fryske befolking.

– Us doelgroep is de hiele befolking fan Fryslân.

– Us reedlik fêste ynkomsten (stipersjild, bydragen fan oansletten selskippen, subsydzjes  fan de provinsje) foarsjogge foar it measte yn de dekking fan ús fêste kosten (húsfesting, burokosten, bestjoerskosten). Dy jouwe de basis dêr’t wy fan út gean kinne. Foar de útfiering fan guon aktiviteiten en foar mooglike tekoarten kin de Ried weromfalle op syn eigen fermogen of it rendemint dêrfan.

Taljochting Produkten

Produkten

1. In publisiteitsblêd ‘Swingel’ útjaan oer Fryske taal en kultuer dat jierliks yn fjouwer edysjes yn in oplage fan op syn minst 500 eltse kear èn fia de webside op ynternet ferskynt.

De doelstelling is troch it útjaan fan in blêd mei in ôfwikseljende ynhâld en in oantreklike foarmjouwing, oan in brede doelgroep in ynformaasje- en diskusjemedium te bieden oangeande de stân fan saken en ûntjouwingen op it mêd fan de Fryske taal en kultuer.

De doelgroep omfiemet yn it foarste plak de leden en stipers fan de Ried en fierders eltsenien dy’t him of har ynteressearret foar de ûntjouwings oangeande de Fryske taal en kultuer en de omstannichheden dy’t dêr oan bydrage. Omdat de aktiviteiten fan de Ried fan de Fryske Beweging dêr ek ta behearre, wurdt ynformaasje dêroer ek yn ‘Swingel’ opnommen. Dat blêd is ek fia de webside beskikber.

It slagget de Ried om fan Swingel fjouwer edysjes it jier mei troch frijwilligers en de oansletten organisaasjes oanlevere kopij ferskine te litten. Der is in redaksjeried gearstâld, mei dêryn in fertsjintwurdiging fan de oansletten organisaasjes. Swingel wurdt tastjoerd oan de stipers en wurdt ferspraat oer de wachtkeamers fan sikehuzen en der wurde Swingels ferstjoerd nei de bibleteken. Yn 2013 wurdt it hjirboppe stelde belied fierder trochset.

2. Yn 2012 wurdt trochgien mei it útbringen fan in digitale ferzje fan it Nijsbrief.

It nijsbrief ferskynt elke fjirtjen dagen en wurdt ferspraat oan de lju dy’t har dêr foar ynskriuwe.

3. Kommisjes

Sosjaal-ekonomyske kommisje: de doelstelling is om fan sosjaal-ekonomysk eachpunt út de Fryske taal en kultuer yn stân te hâlden en te befoarderjen en dêr’t dat mooglik is, op dit mêd de foarstap te nimmen. Dêrby is der yn it bysûnder omtinken foar de libbenstier op it plattelân fanwegen de relaasje mei it yn stân hâlden fan de Fryske taal.

It neigean fan en it reagearjen op noata’s en oare beliedstikken fan ryk, provinsje en oare oerheden, benammen as dy gefolgen hawwe foar it karakter, de taal, de kultuer en it beskikbere arbeidsoanbod en de wurkgelegenheid fan en yn Fryslân.

Benammen yn in tiid fan resesje en fan besunigings is der nij belied nedich en dan driget it gefaar dat dat nije belied wolris tige negative konsekwinsjes hawwe kin foar de Fryske taal en kultuer. Om’t wy libje yn in dynamyske maatskippij moat der soms fluch reagearre wurde. Yn dy sin is de sosjaal-ekonomyske kommisje ek yn 2013 wach.

Politike kommisje: doelstelling is mear omtinken te berikken foar in Fryslân, dêr’t goed yn te libjen is, en foar de Fryske taal en kultuer yn de lanlike en regionale polityk.

It by gelegenheid jaan fan ynformaasjes en advizen oan folksfertsjintwurdigers en bestjoerders en oan it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging. Dêr’t soks fan tapassing is, it lobbyen by politisy.

De Politike Kommisje hat yn de ôfrûne jierren in tal kearen oerlein mei politisy yn De Haach en sil dat as dat nedich is op’en nij dwaan. Itselde jildt foar oerlis mei it Steatekommittee en mei de politike partijen dy’t diel útmeitsje fan Provinsjale Steaten.

Wurkgroep PR: it wurkjen oan in Frysk-freonlik klimaat, sadat de tinkbylden en projekten fan de Ried en fan oare organisaasjes dy’t de posysje fan Fryslân en it Frysk fersterkje wolle, sûnder (al te folle, ûnnedige) wjeraksel op te roppen, har plak yn de mienskip fine kinne, dat is de doelstelling.

Underwiiskommisje: de Ried beskôget de by de Ried oansletten FFU as it plak dêr’t de ûnderwiissaken mei regele wurde. De Fryske Rie wurdt dêr ek by behelle.

4. Fryske reklamepriis

De Fryske Reklamepriis waard jierliks útrikt troch de derta ynstelde kommisje,  besteande út fertsjintwurdigers fan de Ried fan de Fryske Beweging (koördinaasje), de Freonen fan Omrop Fryslân, de reklame ôfdieling fan Omrop Fryslân, Waterstad FM en twa minsken út it bedriuwslibben.

Mei yngong fan 2013 wol de kommisje – nei oerlis mei en ynstimming fan alle partisipanten – ynsette op in oare wurkwize. De notysje “Fryske Reklamepriis 2.0 yn haadlinen” foarmet hjirfoar de grûnslach. Foar mear ynformaasje sjoch taheakke.

Dit betsjut foar it produktplan 2013 dat de klam lizze sil op de start fan de nije oanpak en de promoasje aktiviteiten. Yn 2014 sil dan wer in priisútrikking plak fine. Dus om en om it iene jier de promoasje aktiviteiten ekstra de romte jaan, it oare jier omtinken oan de reklamepriis besteegje.

Dizze wurkwize hat foarearst gjin gefolgen foar de oanfraach fan de subsydzje foar 2013. Fan de provinsje freget de Ried in selde subsydzje as yn foargeande jierren. Besocht wurdt derneist oare boarnen te finen dy’t bydrage wolle yn de kosten fan de promoasje aktiviteiten, omt dy by it gebrûk fan nije media nochal yn de papieren rinne kinne.

5. Ynternasjonale kontakten

De doelstelling fan de kommisje is ynformaasje útwikselje en oerlizze mei ferlykbere kulturele minderheden as de Fryske, yn Europa bûten Nederlân, om elkoar te helpen en te stypjen by it opsetten en útfieren fan plannen ta it yn stân hâlden fan de taal en kultuer en it fuortsterkjen fan de materiële betinksten dêr foar. De kommisje ûnderhâldt foar de Ried de kontakten mei it FUEN en de YEN.

Dêrneist wol de kommisje de kennis oer en de kontakten tusken taalminderheden propagearje en popularisearje en it brûken fan minderheidstalen yn de ferskate gebieten fan Europa stimulearje.

Dat moat liede ta de folgjende produkten:

* It regeljen en opsetten fan útwikselings mei taalminderheden yn Europa op it mêd fan ûnderwiis, kultuer en toerisme.

* It meiwurkjen en dielnimmen oan ynternasjonale kongressen (û.o. FUEV), sympoasia en gearkomsten op it mêd fan regionale en minderheidstalen en mei taalgebieten mei taalminderheden yn Europa.

Foar beide hjirboppe steande doelstellingen jildt dat ek yn 2013 dy aktiviteiten útfierd wurde sille.

6. Mear Frysk op ynternet troch it ûnderhâlden fan in nijsgjirrige ‘thússide’ mei meartalige algemiene ynformaasje oer doelstellings en produkten fan de Ried:

  • nijs oer projekten fan de Ried;
  • de folsleine ynhâld fan Swingel;
  • de mooglikheid om algemiene en detaillearre ynformaasje op te freegjen;
  • in aginda mei aktiviteiten fan ferskate Fryske organisaasjes;
  • de mooglikheid jin op te jaan as stiper fan de Ried en/of oare stipe oan de Ried ta te sizzen;
  • yn te heakjen op siden as Facebook, Hyves, ensafuorthinne;
  • it oanbieden fan tekstkorreksje fia www.goedfrysk.nl
  • ynformaasje oer de Fryske taal en kultuer
  • ynformaasje oer de Fryske Skiednis
  • keppelings nei oare Fryske siden
  • filmkes mei Fryske muzyk.
  • ynformaasje oer Fryske edukaasje

7. It opsetten en ûnderhâlden fan in Fryske nijswebside op ynternet.

De Ried hat in ynternet nijswebside yn it Frysk opset: www.itnijs.nl bringt neist it Frysk en regionaal nijs ek it ynternasjonale nijs. Al it nijs wurdt yndield yn ferskillende kategoryen. De side moat sa aktueel mooglik holden wurde, sa dat minsken mear as ien kear op in dei weromkomme op de side. Nêst it nijs is der romte foar kollums, opiny’s en fraachpetearen. It doel is om it Frysk in folwoeksen plak te jaan yn de nije mediawrâld. De side hat in profesjoneel uterlik en is leechdrompelich. De webside wurdt beheard troch in arbeidskrêft en troch middel fan frijwilligers.

Yn 2013 wurdt fierder wurke oan de no al ûntwikkele aktiviteiten en nije aktiviteiten op it ynternet. De tanimmende belangstelling foar de aktiviteiten fan de Ried op ynternet wiist der op dat der fersjoen wurdt yn in ferlet. De Ried is dêr tige wiis mei.

  1. www.fryskprinteboek.nl

De webside www.fryskprinteboek.nl stiet fol mei ferhalen, leginden en mearkes. Dy binne makke foar bern en binne makke troch bern. De ferhalen wurde foarlêzen of der is in filmke by makke. Dy filmkes wurde opladen nei de siden fan Youtube en Froeks. Dy filmkes binne foar alle minsken sichtber.

De side sil in soad thús besjoen wurde. Foaral troch bern dy’t sels de tekenings makke hawwe en of in tekst ynsprutsen hawwe. Derneist kin de side ek brûkt wurde troch skoallen sels. It digitale skoalboard is o sa geskikt om filmkes sjen te litten. Der binne net in soad Fryske mearkes en ferhalen te besjen of te beharkjen. Dit projekt soarget derfoar dat dêr yn fersjoen wurdt.

It idee om hjir in stypjende nijsbrief oan ta te heakjen om dermei it berik te fergrutsjen, sil oppakt wurde.

9.      De Ried fan de Fryske Beweging is aktyf yn de sosjale media:

Hyves, Facebook, Twitter en Youtube.

Facebook

Op Facebook hat de Ried fan de Fryske Beweging  in grut tal freonen.

Op Facebook beheart de Fryske beweging dizze siden:

   
I love Fierljeppen
I love Skûtsjesilen
I love Keatsen
I love Fryslân
I speak more than one language
I speak a minority language and I am proud of it

Facebook-groepen

Op Facebook beheart de Fryske Beweging dizze groepen:

   
I am interested in minority languages. Usage is the best language teacher.
Fryske Beweging/ Frisian movement
Ik bin in Fries
Dyn âlde eare o Fryske grûn

Hyves

Op Hyves hat de Ried fan de Fryske Beweging in soad freonen.

Hyves-groepen

Op Hyves beheart de Fryske Beweging dizze groepen:

   
Fryslân No1
Fierljeppen
Keatsen
I love Fryslân
Fryslân boppe
Ik bin in Fries
Fryske Beweging
Ik kom út Fryslân
Frysk foar it libben
I love Fryske Babes

Youtube

De Ried fan de Fryske Beweging hat in tal filmkes online stean. Dy binne geregeldwei besjoen.

Twitter

De Ried fan de Fryske Beweging hat in Twitter-side mei in tal folgers.

Doelstelling is om it tal folgers oanwaakse te litten mei minimaal 50.

10. De Ried stelt fia de hiemside ‘Goed Frysk’ fergees oersetters, frijwilligers, beskikber dy’t persoanen en (leden fan) ferskate ferienings helpe en dêrtroch stypje mei it brûken fan it Frysk yn harren (mûnlinge en skriftlike) uterings.

Dizze aksje moat de drompel ferleegje en de Ried tinkt dat troch dit oanbod in wichtige bydrage levere wurde kin oan it hieltyd mear brûken fan it Frysk. De Ried hat dêrfoar in wurkgroep beskikber fan in stikmannich frijwilligers ûnder lieding fan twa koördinators. Dy koördinators soargje foar de opset, it funksjonearjen en it beweitsjen fan de kwaliteit en foar de ynformaasje dêroer nei de Ried.

Fan 01-01-2009 oant 01-01-2010 hawwe der 539 minsken op de side www.goedfrysk.nl west. Foar de perioade 01-01-2011 oant 01-01-2012 sille dat  likernôch 1100 wêze. Foar 2012 en de jierren dêr nei wurdt in selde tal besikers ferwachte. De bekendheid fan goedfrysk nimt ta.

De Ried kriget alle wiken ien of mear fersiken om teksten te korrizjearjen. It ferskaat oan teksten is grut: gedichten, trou- en rou-advertinsjes, konvokaasjes, stikjes foar sport-, doarps- en tsjerkekrantsjes.

11. Oare/nije produkten/ûntjouwings

a. “Fan ûnderen op”

De Ried fan de Fryske Beweging is ien fan de organisaasjes dy´t tsientallen jierren lang warber west hat om te soargjen foar mear romte foar it Frysk yn wet- en regeljouwing. Foar in grut part is dat slagge: it Frysk kin oeral yn de provinsje ek by formele en saaklike kontakten brûkt wurde. Mar it foarrang jaan oan it Nederlânsk is sa ynsliten yn de deistige omgongsfoarmen dat ús eigen taal syn gerak noch altyd  fiersten te min kriget.  De Ried wol no krewearje foar it ombûgjen fan de delgeande spiraal nei aloan mear plak foar it Frysk yn ús maatskippij. Sadwaande rjochtet de Ried him tenei minder op offisjele ynstânsjes en mear op de boargers. De Ried tinkt de Friezen mei syn kennisse helpe te kinnen by it behâlden fan ús moaie taal en it trochjaan dêrfan oan de neiteam, sûnder dêrby oarstaligen bûten te sluten.

De Ried fan de Fryske Beweging giet dêr de boer foar op en wol nijsgjirrige en ynspirearjende jûnen organisearje oer it Frysk en wat dêr yn de maatskippij allegearre mei mooglik is. Dermei wol de Ried ek de bân, dy’t troch it Keppelfeest ûntstien is, besykje yn stân te hâlden.

Konkrete útstellen fan wat der yn doarpen, streken en stêden allegearre foar elkoar te krijen is op it mêd fan it Frysk, binne bygelyks:

  • It trijetalich meitsjen fan de basisskoalle;
  • It twatalich meitsjen fan pjutteboartersplakken;
  • Byspikerkursus Frysk skriuwen foar folwoeksenen (Afûk);
  • Mear Frysk op strjitte: bygelyks op hânwizers en geveltsjeFrysk op winkels en oare gebouwen (ek goed foar it toerisme);
  • Plak- en strjitnammen ferfryskje;
  • De pleatselike webside kin ferfryske wurde;
  • Mear Frysk yn de lokale krante;
  • Suggestjes foar it brûken fan safolle mooglik Frysk yn de omgong mei oarstaligen.

In krekte rûzing fan de kosten is noch net te meitsjen. De “stelpost” moat derta tarikkend wêze.

b. oare/nije produkten

Mooglik oare/nije produkten binne op dit stuit noch net foarsjoen.