(ALGEMEEN NUT BEOGENDE INSTELLING CULTUUR)
De Stifting Ried fan de Fryske Beweging te Ljouwert is troch de belestingtsjinst oanwiisd as ANBI Cultuur. Dit hâldt yn dat oer ûntfongen jeften gjin erfbelesting betelle hoecht te wurden. Op grûn fan de “Geefwet” kin de ôftrek foar jeften troch stipers fan de Ried mei in faktor 1,25 fermannichfâldige wurde foar de ynkomstenbelesting. De oanwizing as ANBI Cultuur bringt mei dat der ynformaasje beskikber steld wurde moat op de webside fan de RFFB.
Hjirûnder wurdt dêr oan foldien.
Namme:
Stifting Ried fan de Fryske Beweging
Fiskaal nûmer:
0039.59.326
Kontaktgegevens:
adres: Bûterhoeke 1
Postbus 2637
8901 AC Ljouwert
e-post: info@fryskebeweging.nl
webside: www.fryskebeweging.nl
Bestjoergearstalling:
It bestjoer fan de Stifting is opdroegen oan in Ried. It deistich bestjoer is as folget gearstâld: P.Bergsma, foarsitter; N.Beetstra, skriuwer; F. Koster, twadde skriuwer, A. Dykstra, ponghâlder; N.Hoekstra, lid; J.Elzinga, lid; A. Mulder, lid. Adviseurs binne: G.Krol-Benedictus en F. de Boer. Administraasje: B. Westra-Keulen.
Beliedsplan:
it beliedsplan wurdt op dit stuit taret. Foar de tekst derfan wurdt ferwiisd nei de bylagen.
Beleaningsbelied: de Ried bestiet út frijwilligers, der is gjin sprake fan
beleanjen.
Doelstelling:
is omskreaun yn it karbrief: de Stifting hat ta doel it bewarjen en befoarderjen fan de Fryske identiteit, taal en kultuer
Ferslach fan aktiviteiten:
foar it ferslach fan aktiviteiten wurdt ferwiisd nei it jierferslach.
Finansjele ferantwurding:
foar de lêste jiersifers wurdt ferwiisd nei de jierrekken.