Goedfrysk.nl

In protte Friezen prate altyd Frysk en tinke yn it Frysk. Se soene har ek wol graach skriftlik yn it Frysk uterje wolle, mar se doarre it net oan omdat se dat net of amper leard hawwe. De hiemside goedfrysk.nl is de oplossing foar dat probleem. De Ried fan de Fryske Beweging hat in tal minsken ree fûn om digitaal tastjoerde teksten nei te sjen. Dy helje de flaters derút. Se kinne sels útmeitsje oft se mei harren adres op de hiemside stean wolle. Stiet it adres fan in frijwilliger der wol op, dan betsjut dat dat se ek wol teksten fan minsken direkt by har thús krije wolle en sa nedich trochprate wolle. Dat is benammen mooglik yn doarpen dêr’t eltsenien inoar ken.
De Ried kin noch mear minsken brûke dy’t dit wurk dwaan wolle. De teksten dy’t ynkomme, kinne hiel ferskillend wêze, fan wichtige e-mails, oant Fryske kollums en in cv ta. Wy hawwe wol as beheining net mear as 1500 wurden. Fansels binne we fleksibel mar we moatte dochs earne in grins oanjaan. De frijwillige helpers helje eventuele flaters derút. Se dogge dat fergees omdat se it wichtich fine dat der mear Frysk brûkt wurdt.

De Ried is der grutsk op dat it projekt sa gau foarm krige hat. Binnen de koartst mooglike tiid wiene der genôch frijwilligers en wie de hiemside yn ’e loft. Neffens foarsitter Jaap van der Bij seit dat wat oer de krêft fan de Ried fan de Fryske Beweging. It tal projekten dat de Ried op priemmen hat, hat nea sa grut west. Ek it tal frijwilligers dat de Ried ynsette kin, nimt stadichoan ta, al binne der nea genôch. Van der Bij is oertsjûge fan it sukses en hopet dat troch alle projekten de minsken oars foar it Frysk oer stean sille. It Frysk is in folwoeksen taal en sa moat er behannele wurde.

Sjoch foar mear ynformaasje op de hiemside fan de Fryske Beweging; www.fryskebeweging.nl en op www.goedfrysk.nl