Doel fan de jierlikse útrikking fan de Fryske reklamerpriis is om bedriuwen en reklameburo’s te stimulearjen hieltyd mear it Frysk en/of Fryske streektalen te brûken yn reklameboadskippen op radio en televyzje yn ús provinsje.Yn de organisearjende reklamepriiskommisje binne as partisipanten op dit stuit Omrop Fryslân, Ljouwert en Waterstad FM, Snits fertsjintwurdige neist fertsjintwurdigers fan de Ried fan de Fryske Beweging, de Freonen fan Omrop Fryslân en it bedriuwslibben.
De Fryske Reklamepriis is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en de Freonen fan Omrop Fryslân út 1992 doe’t op de Frysktalige stjoerder de reklameboadskippen hast allegearre yn it Hollânsk ferskynden.
Prizen
By de priisútrikking fan de Fryske reklameprizen krije de winners in replika fan it byld fan Grutte Pier. It reklameburo dat de spot makke hat kriget in lytsere útjefte fan it byldsje.
Wêrom in replika fan it byld fan Grutte Pier?
It stiennen byld fan Grutte Pier stiet yn Kimswert oan de haadstrjitte en is in 2 meter heech. It is makke troch byldhouwer Anne Woudwyk út Drachten. It byld hat in útstrieling fan swier, grut, sterk en ûnfersetlik. Grutte Pier is as frijheidsstrider in symboal fan eigen (Fryske) identiteit. It is mei de Fryske Reklamepriis ek in kwestje fan folhâlden foar Frysktalige reklameboadskippen yn Fryslân foar in grutte oermacht fan Hollânsktalige spots oer. Troch it Hollânsk te brûken rint de Fryske taalmienskip it risiko om de eigen (taal)identiteit te ferliezen.
Stipe fan de provinsje Fryslân
Benammen troch de subsydzje fan de provinsje Fryslân (taalbefoardering) is it foar de kommisje mooglik de priis ‘gewicht ‘te jaan. It brûken fan it Frysk yn reklameboadskippen soe hiel fanselssprekkend wêze moatte, mar dit is net it gefal. Dêrom dat de winnende opdrachtjouwer fan in spot ‘finansjeel foardiel’ (ekonomysk argumint neist de eare om de priis te krijen) kriget troch de priis te winnen. In beleanning foar it feit om it Frysk te brûken. De publisiteit, dy’t mei de útrikking anneks is, hat as doel om oare bedriuwen oan te trúnjen om dat foarbyld te folgjen.
Seleksje priiswinners
In ûnôfhinklike sjuery fan saakkundigen kiest sawol foar radio as televyzje fjouwer foar de priis nominearre spots út en op de útrikking wurdt ien dêrfan as winner oanwiisd. Op de útrikking binne de nominearre spots te hearren en/of te sjen.