Euregua

It selskipsspul Euregua hâldt wat it midden tusken in guozzeboerd en triviant. Der sitte in pear steapels kaartsjes yn mei fragen oer de Fryslannen.  De Fryslannen, omdat der in aparte steapel is foar Sealterlân sa’n 50 km foarby Nijeskâns dêr’t noch altyd rûchwei 2000 minsken (Sealter) Frysk prate. Datselde jildt foar Noard-Fryslân, dat tsjin de Deenske grins oan leit. Dêr binne noch 10.000 (Noard-)Fryskpraters, wurdt der sein.

Der sitte yn de doaze ek fragen yn it Biltsk, it Stellingwarfsk en it Hylpersk. De fragen geane oer de skiednis fan Fryslân, geakunde en natoer, mar der binne ek mear algemiene fragen oer sport, muzyk ensafuorthinne. Tagelyk wurde Europa, en dan benammen de oare minderheidstaalgebieten yn Europa, net fergetten. In doaze kostet € 32,50. Dat kin sa goedkeap omdat it net in kommersjeel produkt is, makke troch frijwilligers en mei stipe fan de Ried, de provinsje, de Douwe Kalmastichting en de Boersma-Ademastichting. De adressen dêr’t it te krijen is steane hjirûnder. In doaze kostet € 32,50. Graach earst efkes belje as jo ien ophelje. Om de hege ferstjoerkosten kinne de doazen net ferstjoerd wurde.

Sjoch foar mear ynformaasje www.euregua.com


EUREGUA FERANTWURDING EN DOEL!

Ferskaat oan kultueren en talen

Europa hat in grut ferskaat oan kultueren en talen. Gjin inkeld lân yn deEuropeeske Uny (EU) is ientalich en in soad lannen binne meartalich. It is in Europeesk mienskiplik belang om dy kulturele rykdom yn stân te hâlden en te fersterkjen. Soks kin tagelyk bydrage oan begryp en respekt foar inoars kultueren en talen en dêrmei de ûnderlinge ferdraachsumens befoarderje. Dat jildt yn it bysûnder foar de regionale talen sûnder kin state. Foar dy talenbestiet gjin steat, meast in buorlân (kin state), dêr’t dy taal net in regionaletaal, mar krekt de steatstaal is. It Frysk is sa’n regionale taal sûnder kin state.

Hoe en wat fan EUREGUA!

De Ynternasjonale KontakteKommisje (YKK) fan de Ried fan de Fryske Beweging hat it inisjatyf nommen om in selskipsspul oer dy regionale talen sûnder kin state te ûntwikkeljen en út te bringen, mei as haaddoel it lêzen en brûken fan de regionale taal en kennis oer oare regionale talen te befoarderjen. It ynternasjonale aspekt fan it selskipsspul beheint him no noch ta it Frysk yn (Westerlauwersk) Fryslân en it Noard-Frysk en Sealterfrysk yn Dútsklân. It jout al spyljend in soad nijsgjirrige ynformaasje oer dy gebieten. Der binne fragen oer skiednis, taal, natoer, sport en spul, muzyk, festivals, ensfh. By de fragen oer Fryslân sitte ek fragen oer de Stellingwerven, It Bilt en Hylpen. Foar Westerlauwersk Fryslân hat de YKK in eigen spulboerd en foar gebrûk troch elkenien is ek in Europa-spulboerd ûntwikkele. Fan it eigen Fryslân-spulboerd kin oerstapt wurde nei it Europa-spulboerd of oarsom. Mei de kar foar in Europa-spulboerd mei dêrop de regionale talen sûnder kin state en in set fragen yn de eigen regionale taal oer de Ried fan Europa, de Europeeske Mienskip en Europa yn it algemien wol dit spul dêroan bydrage.

Wêrom keazen foar de foarm fan in selskipsspul en foar wa?

By in spul as EUREGUA! kin men thús, op skoalle of yn ferieningsferbân kennis diele en ferspriede en dat mei sin en wille derop ta. It selskipsspul is rjochte op it mienskiplik learen as in groepsaktiviteit. It echte learen is ommers foaral in ynteraktyf proses. In edukatyf selskipsspul mei fleur en kriich by it spyljen is in gaadlike kombinaasje fan ynformaasje en rekreaasje. It kin nijsgjirrich meitsje en útnoegje ta inisjatyf om mear oan ’e weet te kommen. EUREGUA!-spilers kinne dan lykas de âld-Grykse filosoof en útfiner Archimedes sizze: EUREKA!- Ik ha it fûn! No wit ik it!