Folkje Koster

Folkje Koster is sûnt healwei 2017 lid fan it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging. Yn de funksje fan twadde skriuwer fersoarget sy û.o. it opstellen en ferstjoeren fan de wurklisten foar de bestjoersgearkomsten. Foar It Nijs fersoarget se de rubriken Opfrysker en Sprekwiis.

Hikke en tein yn Ryptsjerk is it praten fan it Frysk har mei de brijleppel ynjûn.  It skriuwen dêrfan hat se ûnder de knibbel krigen troch it folgjen fan kursussen by de Afûk. Troch it publisearjen fan gedichten en it bestjoerswurk foar de Ried wol se meiwurkje oan it libben hâlden fan it Frysk.

Yn it deistich libben wurket se as bestjoerssekretaresse by de DDFK-gemeenten Ferwerderadiel en Dongeradeel.

forbrukslån test | beste forbrukslån 2017 forbrukslån ya