Trijetalige skoalle

Trijetalich ûnderwiis suksesfol
Acht jier lang hawwe sân skoallen yn Fryslân meidien oan it projekt Trijetalige Skoalle. De resultaten wienen sa goed dat de projektskoallen graach fierder woenen mei trijetalich ûnderwiis. De positive resultaten fan trijetalich ûnderwiis kinne yn trije punten ûnderbrocht wurde:


• De prestaasjes foar it Nederlânsk yn de groepen 8 lizze op lanlik nivo. In opfallend resultaat. Mear Ingelsk en Frysk giet dus net ta skea fan it Nederlânsk;
• Trijetalich ûnderwiis soarget derfoar dat de learlingen better skoare op it lêzen en skriuwen fan it Frysk;
• De learlingen fan trijetalige skoallen geane makliker om mei it Ingelsk. Se hawwe mear flair, doare de taal earder te brûken. Bern fan in trijetalige skoalle skeakelje dus flot oer op it Ingelsk. In grut foardiel yn in wrâld dêr’t it Ingelsk de belangrykste taal is.

Mear talen, mear takomst!
De algemiene konklúzje fan it projekt wie dat trijetalige skoallen deryn slagge binne om meartalige learlingen op te lieden.

Sjoch de brosjure

———————

 

forbrukslån på mobil | kjøpe bil med forbrukslån lån på dagen