Iepenbiere basisskoalle ’t Holdernêst yn De Harkema is de earste skoalle yn Achtkarspelen dy’t it sertifikaat ‘Trijetalige skoalle’ krigen hat. It muorreskyld dat boppe de doar fan de skoalle hinget waard tiisdeitemiddei ûntbleate troch Wethâlder Marten van der Veen. Mei it sertifikaat heart ibs ’t Holdernêst offisjeel ta it netwurk fan meartalige basisskoallen dy’t ûnderwiis jouwe yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk.
Om de titel ‘Trijetalige skoalle’ fiere te meien, moat in skoalle foldwaan oan in oantal kritearia. Sa moatte de skoares foar taal en rekkenjen boppe of op it lanlik gemiddelde wêze en de bern fan de groepen 6 o/m 8 moatte mei goed gefolch meidwaan oan de Anglia-eksamens. Op 17 maaie beoardielde de fisitaasjekommisje Trijetalige Skoallen fan it Taalsintrum Frysk dat ibs ’t Holdernêst mear as genôch foldocht oan dizze kritearia.
Sjoerd Groenhof – dy’t destiids út de MR (meisizzenskip) wei it inisjatyf naam om meartaligens op te nimmen yn it skoalplan – bea de skoalle in grutte Fryske flagge oan en in gloednije kaart fan de sân eardere seelannen dêr’t de Fryske flagge de sân pompeblêden troch krigen hat. It Holdernêst is ien fan de iepenbiere basisskoallen fan Stichting ROOBOL en hat 165 learlingen. ’t Holdersnêst is de 38e skoalle yn Fryslân dy’t it sertifikaat yn ûntfangst nimme koe de tredde Roobol-skoalle.
De oare ROOBOL-skoallen mei in Trijetalige Skoalle sertifikaat binne: ibs De Tsjelke yn Holwert en ibs Ids Wiersmaskoalle yn Brantgum. Lytse Wiman yn Twizel, De Balkwar yn Koatstertille en De Mienskip yn Bûtenpost sitte yn it trajekt om in offisjele Tijetalige Skoalle te wurden. Op de foto de ûntbleating fan it muorreskyldsje boppe de doar fan de skoalle troch wethâlder Marten van der Veen.