Hoe wurdt in basisskoalle trijetalich (Nederlânsk, Frysk, Ingelsk).

Hoe wurdt in basisskoalle trijetalich (Nederlânsk, Frysk, Ingelsk).

Nei oanlieding fan in fraach fan Ried fan de Fryske Beweging oer hoe’t men in basisskoalle meartalich meitsje kin, it neikommende.

Der is op it stuit net in blaudruk foarhannen oangeande it ynfieren fan de TTS (TrijeTalige Skoalle, mei it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk as fak en as ynstruksjetaal) dy’t samar foar eltse basisskoalle jilde kin. Der binne wol inkelde hânfetten dy’t men brûke kin. Benammen it (ôfrinnende en nije) skoalleplan is de reade tried fan de basisskoalle.

9 hânfetten: hoe wurdt in basisskoalle trijetalich?

1. Men moat derfan oertsjûge wêze en yn it koart útlizze kinne dat meartalich/trijetalich ûnderwiis goed is foar bern.
2. Men moat jins posysje bepalen oangeande it taalbelied fan de oanbelangjende skoalle en it boppeskoalske bestjoer: hoe moat dat belied der (aanst) út komme te sjen.
3. Yn ferbân mei draachflak om te kommen ta in trijetalige skoalle is de goedkarring nedich fan de MR (meisizzenskipsried, ornaris trije âlders en trije teamleden).
4. De MR en de âlderried kinne it Taalsintrum Frysk (fan de skoalbegeliedingsynstânsje Cedin) freegje om in presintaasje te jaan oan de âlders oer de foardielen fan meartalich ûnderwiis, bygelyks oer de TTS (= TrijeTalige Skoalle).
5. De MR sil dan beslute moatte oft er de meartaligens (Nederlânsk, Frysk en Ingelsk) opnimme wol yn it nije skoalleplan. In skoalleplan jildt ornaris foar in perioade fan fjouwer of fiif jier.
6. It nije skoalleplan moat ek goedkard wurde troch it boppeskoalske bestjoer dêr’t oanbelangjende basisskoalle ûnder falt.
7. As it slagge is om de meartaligens op te nimmen yn it (nije) skoalleplan, dan rint men ûnder begelieding fan it Taalsintrum Frysk in trajekt troch om úteinlik in sertifisearre TTS skoalle te wurden.
8. It hiele trajekt (fan it earste kontakt mei de MR ôf) kin wol tsien jier duorje ear’t de skoalle sertifisearre is. Men moat rekken hâlde mei de âlde kultuer, hoe’t meiwurkers en oaren tinke (harren ‘mindset’), it oanpassingsfermogen fan de organisaasje en eventuele noch rinnende projekten. It takomstige oannamebelied fan personiel freget likegoed omtinken: dat personiel moat foldwaande kwalifisearre wêze.
9. Men kin it bêste begjinne mei basisskoallen wêrfan’t it noch jildende skoalleplan sa’n trije of fjouwer jier âld is en dat sadwaande mei gauwens fernijd wurde moat.

De provinsje soe winliken in TTS-kertiermaster yn tsjinst hawwe moatte dy’t wurket mei de PDCA-sirkel (plan-do-check-act) en SMART-doelstellings (spesifyk-mjitber-akseptabel-realistysk-tiidsbûn) en dat foar perioade fan 5 jier yn ferbân mei de perioade fan de skoalleplannen fan de basisskoallen. Faaks is it goed om in oprop te dwaan oan alle Frysksinnige jonge âlders om in sit te nimmen yn de MR.

Skreaun troch Sjoerd Groenhof,
troud en heit fan twa bern,
juny 2010, De Harkema

Sjoch de brosjure
————————–

 

søke om forbrukslån | refinansiere forbrukslån kreditt365