Underskate kursussen Frysk

Underskate kursussen Frysk! Under mear skreaun troch Sytze T. Hiemstra.

——————————————————————–

Kursus 1: ‘Lear staverjen’

In prachtige kursus Frysk “Lear staverjen”. (kik hjir)

Klik hjir foar de antwurden fan de kursus.

———————————————————————————

Kursus 2: ‘Lear Frysk skriuwen’; auteur Sytze T. Hiemstra

Elts dy’t de kwaliteit fan syn Frysk skriuwen (taal, stavering) ferbetterje wol, kin de neikommende Kursus Frysk Skriuwen (ek) selsstannich trochnimme. It ynstapnivo is likenôch dat fan lju dy’t it Afûk-A-diploma hawwe. Korreksjeblêden binne oan ’e ein fan eltse les te finen. Suggestjes foar ferbetterings graach takomme litte oan de skriuwer S.T. Hiemstra.

De leargong bestiet út acht frij wiidweidige lessen en in ynhâldsopjefte. In stikmannich, winliken ûnmisbere, ûnderwiislearmiddels binne in yntegraal ûnderdiel fan de kursus. Dy binne yn eltse goede boekwinkel oan te tugen. Sjoch dêrfoar: Les 1, par. 1.1. (stavering), par. 1.2. (tiidwurden) en par. 1.3. (taalregels en taaleigen). Dêr binne noch de lessen 9 (mei in soad taaleigen) en 10 (mei praktykfoarbylden út de krante) oan tafoege.

Om de ôfsûnderlike lessen oer te heljen, klik dan op: Les 1, Les 2, Les 3, Les 4, Les 5, Les 6, Les 7, Les 8, Les 9 , Les 10

It mei ynmoed en yn eigen tempo trochwurkjen fan de acht lessen leannet wier-wier de muoite! De kursus is ek goed brûkber as neislachwurk foar de wat dregere staverings- en taalswierrichheden.

Gean dermei oan ’e slach en helje it te lege persintaazje Friezen omheech dat goed en geef Frysk skriuwe kin en dy feardigens ek alle dagen brûkt!

——————————————————————–

Kursus 3: Kursus didaktyk foar oansteande lesjouwers by de Afûk; auteur Sytze T. Hiemstra

Wa’t lesjouwer wurde wol by de Afûk, folget yn in winterhealjier praktyk- en teorylessen om it Afûk-lesjouwersfoech te heljen. De 10 teorylessen binne gearstald troch drs. Sytze T. Hiemstra.

Jo kinne de lessen (mei ferwizings nei oar materiaal en nei beskate aktiviteiten) op dit plak ek oanklikke: Les 1, Didaktyk Afûk; Les 2, Didaktyk Afûk; Les 3, Didaktyk Afûk; Les 4, Didaktyk Afûk; Les 5, Didaktyk Afûk; Les 6, Didaktyk Afûk; Les 7, Didaktyk Afûk; Les 8, Didaktyk Afûk; Les 9, Didaktyk Afûk; Les 10, Didaktyk Afûk

søke forbrukslån uten inntekt | forbrukslån hvor lang tid forbrukslån vurdering