Fedde Schurer lêzing

Op sneon 16 novimber (de datum fan Kneppelfreed) 2013 is de tredde Schurerlêzing fersoarge troch Sybren Singelsma. Singelsma is berne yn Ljouwert en soan fan Jan Bearn Singelsma, it earste FNP-steatelid yn de 70-er jierren. Singelsma hat direkteur Europeeske Saken west by de Ynternasjonale Feriening fan Gemeenten yn de Haach. No hat hy in liedingjaande funksje by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.

Ik wie tige fergulde doe’t de Ried fan de Fryske Beweging my frege om hjoed de Fedde Schurer lêzing te fersoargjen by gelegenheid fan de betinking fan Kneppelfreed.
Fedde Schurer wie net de minste Fries en Kneppelfreed wie in bysûnder barren. Neist it feit dat it it ienige werklike opskuor west hat yn de emansipaasje beweging fan Fryslân en it Frysk, markearret it foaral de oergong fan in romantyske literêre ûntjouwings- beweging nei in sosjaal politike emansipaasje beweging.
It ferset tsjin taaldiskriminaasje hat laat ta wetlike regelingen en markearre it begjin  fan in grutter polityk bewustwêzen fan de Friezen.
‘Fryslân en Europa’ wie de opdracht dêr’t de Ried my mei op ‘en paad stjoerd hat. As histoarikus mei in sterke politike belangstelling haw ik der foar keazen om as ûndertitel te nimmen Identiteit en Konkurrinsjefermogen, om’t ik tink dat beide mear mei-inoar te krijen hawwe as men wolris tinkt. Myn stelling is dat identiteit yn Europa gjin hendikep is, mar ál en benammen ekonomysk foardiel bringe kin, tagelyk mei frede en feilichheid. Mar men moat it wol goed dwaan. En dêr sil ik besykje wat neier op yn te gean….

Yn dizze pdf-bylage kinne jo de folsleine lêzing besjen.

forbruksln | forbrukslån erfaring lån på dagen